Untmanning

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De ûntmanning fan Uranus: fresko fan Vasari & Cristofano Gherardi (s. 1560, Sala di Cosimo I, Palazzo Vecchio, Florence).

Untmanning is it ôfsnijen fan de manlike geslachtsorganen, sawol de penis as it skroatum.

Ien fan de redenen foar ûntmanning, fan fijannen, is as brûkme mei in magysk-religieuze betsjutting, ferlykber mei kopperij en skalpearjen. It brûkme kaam yn it ferline by guon folken foar dy't natoerreligys oanhongen. It bekendst is it wurden by de eartiids tige freze Afar, fan noardeastlik Etioopje, eastlik Eritreä en westlik Dzjibûty. Hoewol't dy al ieuwen islamitysk wienen, waard ûntmanning, in oerbliuwsel fan harren preïslamityske natoerreligy, troch harren nammentlik oant fier yn 'e tweintichste ieu praktisearre. As in oergongsritueel nei manlikheid waard fan in jonge ferwachte dat er in fijân deadzje soe; as fijân foldie hjirby elkenien dy't him op Afar-lân weage. De trofee dy't dêrfan meifierd waard, waard foarme troch de geslachtsorganen, dy't der in ûnwjerlisber bewiis foar foarmen dat de ombrochte fijân in man west hie.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • J. van Beurden - Ethiopië/Eritrea, Amsterdam/De Haach, 1994.
  • M. Eliade en I.P. Couliao - Wereldreligies in kaart gebracht, Utert, 1992.
  • F.L. Gordon - Ethiopia, Eritrea & Djibouti, Hawthorn, 2000.