Springe nei ynhâld

Tsjerke fan Piaam

Ut Wikipedy
Tsjerke fan Piaam
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Piaam
adres Buorren 21
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 12e iuw
boustyl Romano-gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 39423
offisjele webside
Protestantske gemeente Makkum e.o.

De Tsjerke fan Piaam is in tsjerke yn Piaam, dy't diel útmakket fan de Protestantske gemeente Makkum. De eardere herfoarme tsjerke is in ryksmonumint.

It hie yn de 20e iuw net in soad skeelt of it oarspronklik romaanske tsjerkje hie der net mear stien. De steat fan it gebou wie yn de jierren 1940-1950 sa striemin, dat it tsjerke op ynstoarten stie. Der bestie sels grutte twifel oft it gebou noch wol te rêden wie, mar mei in soad trochsetten slagge it Piaam en de tsjerkfâldij om yn de jierren 1950 in restauraasje fan de grûn te krijen.

Oant 1555 hie it oan Nikolaas fan Myra wijde tsjerkje noch in reiten tek. Tegearre mei it ferfangen fan houtwurk en de reparaasje fan de pastory krige de tsjerke sûnt dy tiid in laaien tek. Mei de restauraasje healwei de 20e iuw kamen de laaien net werom en waarden se ferfongen troch Fryske dakpannen.[1]

In tekening fan 1722 byldet it tsjerkje noch mei in sealtektoer ôf. Yn de 18e iuw waard de westlike gevel op 'e nij boud en krige it tsjerkje de hjoeddeiske dakruter.

Mei de restauraasje fan de jierren 1950 krige de tsjerke in gotysker oansjen troch it ynbringen fan spitsbôgefinsters yn de súdlike muorre. De noardlike muorre hat gjin finsters mear.

It ienskepige tsjerkje hat in fjouwersidich koer, itjinge yn Fryslân fierder allinnich by de tsjerken fan Nes en Jouswier foarkomt.[2] De yngong fan de tsjerke leit oan de westlike kant, de noarder- en sudertagong binne tichtset.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Stifting Ald Makkum - Aldnijs 37, O. Gielstra septimber 2004
  2. Frysk Deiblêd, 13 maaie 2003