Tsjerke fan Baaium
Tsjerke fan Baaium | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Waadhoeke | |
plak | Baaium | |
koördinaten | 53° 09' N 5° 37' E | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | toer: B.J. Sitenga tsjerke: S. van Veen | |
boujier | toer: 1865, tsjerke: 1876 | |
boustyl | Eklektisisme | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 21528 | |
Webside | ||
Side PKN Wjelsryp-Baaium | ||
Kaart | ||
De Tsjerke fan Baaium (ek: Doarpstsjerke) is in tsjerkegebou fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken. Nei in grutte restauraasje waard it gebou yn 2014 oerdroegen oan de Stifting Alde Fryske Tsjerken. Baaium foarmet mei Wjelsryp al fjouwer iuwen lang ien tsjerklike gemeente. Ienris yn de moanne wurdt der in tsjerketsjinst fierd. Fierder wurdt de tsjerke brûkt foar kulturele oangelegenheden. Ek kin de tsjerke foar trou- en routsjinsten brûkt wurde.[1]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste tsjerke fan Baaium waard tsjin de ein fan de tolfte iuw stifte troch de muonts Jelmer fan it kleaster Mariëngaard. De foargonger fan de hjoeddeiske tsjerke hie noch in sealtektoer en datearre nei alle gedachten út de lette midsiuwen. Yn de 19e iuw waard de brekfallige tsjerke ôfbrutsen om plak te meitsjen foar de hjoeddeiske tsjerke. De toer stamt út 1865 en waard neffens in ûntwerp fan B.J. Sitenga út Wommels boud. De bou fan it skip fan de tsjerke folge yn 1876 neffens in ûntwerp fan S. van Veen út Spannum, de gemeente-arsjitekt fan Hinnaarderadiel.
Yn de jierren 1980 waard de tsjerke sletten foar de earetsjinst fanwegen de minne steat fan it stúkplafond. Fanwegen de kosten en om't de tsjerklike gemeente ek noch de Ursulatsjerke hat yn Wjelsryp moast de tsjerke lang wachtsje op in restauraasje. Pas ein jierren 1990 waard út ein set mei de renovaasje fan de bûtenkant fan it skip fan de tsjerke. Yn de jierren 2004-2005 folge de restauraasje fan de toer en it ynterieur waard yn de jierren 2011-2012 restaurearre.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de nijbou fan de tsjerke yn de 19e iuw waard sa't it liket net op in sint sjoen. De tsjerke hat in opfallend ryk ynterieur. It plafond en in diel fan de muorren binne fersierd mei dekoratyf stúkwurk fan J.D. Fast út Ljouwert. Foar de flier waarden tegels besteld by de firma Boch Frères yn Maubeuge (Noard-Frankryk). De preekstoel en de twa banken foar de tsjerkeried hawwe baldakinen mei net-tradisjonele dekoraasjes. It doopfont fan Bentheimer sânstien is gearstald fan ferskate stikken stien út de 14e iuw, dy't yn 1668 opgroeven waarden. Mooglik tsjinnen de platen as alter of koerskieding. Nei it opgraven binne fan de platen in doopfont makke. De banken foar it tsjerkefolk binne yn de jierren 1960 ferfongen troch stuollen. By de lêste restauraasje binne achteryn wer in pear banken delset. De tsjerke krige doe ek de, nei alle gedachten, oarspronklike kleuren werom[2].
Yn 2014 waard ûntdutsen dat de tsjerke noch in seldsume bernebier út de 18e iuw hie. De tsjerke hie de bier op in rommelmerk ferkocht oan in handler út Kûbaard, sûnder te witten dat in om in âlde bier gie. In frijwilliger fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken seach de bier by dy handler en soarge dat de bier werom nei de tsjerke gie. It is ien fan de seis bernebieren dy't Fryslân noch hat.[3]
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Willem Hardorff boude yn 1860 in oargel foar de tsjerke, dat yn it ramt fan de ôfbraak fan de midsiuwske tsjerke ferkocht waard oan de kristlik-grifformearde tsjerke fan Hallum. Deselde oargelbouwer makke yn 1878 foar de nije tsjerke in grutter oargel mei twa manualen. It oargel waard mei de restauraasje fan de tsjerke skjinmakke en ûnderdielen binne doe restaurearre.[4] Mar yn 2022 ûndergie it ynstrumint ûnder advys fan Theo Jellema in grutte restauraasje troch Bakker & Timmenga. It oargel waard op 3 febrewaris 2023 wer yn gebrûk nommen.[5]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|