Springe nei ynhâld

Tsjerke fan Aldlemmer

Ut Wikipedy
Tsjerke fan Aldlemmer
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Weststellingwerf
plak Aldlemmer
adres Haadwei 63
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1794; toer 1869
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 38869
offisjele webside
PKN gemeente Aldlemmer-Aldetrine

De Tsjerke fan Aldlemmer is in tsjerkegebou yn Aldlemmer yn de gemeente Weststellingwerf.

De hjoeddeiske tsjerke mei in westlike klokgevel ferfong yn 1794 in sealtsjerkje út 1667. De bou fan de houten toer folge yn 1869.

De lietklok yn de toer is fan 1629 en hong eartiids yn in houten klokkestoel. De klok is getten troch N. Rogier en hat in diameter fan 110,5 sintimeter. Yn de Twadde Wrâldkriich waard de klok foardere, mar nei de befrijing waard de klok yn Giteren werom fûn. It oerwurk yn de toer is makke troch de firma F.C. Rochlitz út Berlyn.

Yn 2014 easke in oerbuorman fan de tsjerke dat it tradisjonele kloklieden fanwegen ûnderstelde oerlêst einigje moast.[1][2] De PKN-gemeente hie al in tal maatregels nommen om it lûd fan it lieden te ferminderjen, mar dat wie neffens de kleier net foldwaande. De gemeente lei de tsjerke in twangsom fan 500 euro mei in maksimum fan 5.000 euro op foar eltse kear dat de klok te lûd waard let.[3] It beswier fan de oerbuorman soarge foar in soad argewaasje by oare ynwenners fan it doarp[4][5]

Nei in renovaasje waard de tsjerke op snein 24 septimber 2017 op 'e nij yn gebrûk nommen.[6]

It oarspronklike ienmanualige piipoargel waard yn 1951 troch de firma Reil foar it sanatoarium Beatrixoard yn Appelskea boud. Doe't it sanatoarium ticht gyng waard it yn 1961 oernommen troch de herfoarme gemeente fan Aldlemmer. Yn 2006-2007 waard it oargel útwreide mei in elektronysk twadde manuaal, in elektronysk frij pedaal en 254 elektronyske registers. Dêrmei is it oargel de Aldlemmer it earste hybride oargel yn Fryslân en it twadde yn Nederlân.[7]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: