Tretjakovgalery

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De âlde Trejakovgalery
De nije Tretjakov Galery oan de Krymsky Val.

De Tretjakovgalery (Tretjakovskaja Galereja) is in keunstsamling dêr't de basis fan lein is troch Pavel Tretjakov yn 1892 doe't er syn mânske kolleksje skilderijen en grafyk oerdroech oan de stêd Moskou. Sy waard ûnderbrocht yn in gebou dêr't de mearke-eftige fasade troch de skilder Viktor Vasnetsov ûntwurpen wie. It gebou wie klear yn 1900 en waard fan 1927 oant 1935 útwreide mei al besteande njonkenlizzende gebouwen. De Tretjakovgalery kaam yn 1918 oan de steat, wêrnei't de kolleksje tige útwreide waard.

Wichtich is de unike samling ikoanen fan ûnder oaren Andrej Roebljov, dy't de kearn foarmet fan de ôfdieling Ald-Russyske keunst. It museum hat fierders in kolleksje Russyske skilderkeunst út de 18e, 19e en 20e ieu op'e noed. Totaal binne der mear as 130,000 keunstwurken, fan Andrei Rubljov's Trije-ienheid oant de Komposysje VII fan Wassili Kandinski en it Swarte Fjouwerkant fan Kazimir Malevitsj.

Nei de delfal fan de Sovjet-Uny waard yn de buert fan it Gorki Park in nije ôfdieling set dêr't de 20e ieuske keunst in ûnderkommen fûn.

De Tretjakovgalerij hat ûnder oaren wurk fan Ilja Repin, Vasili Soerikov, Viktor Vasnetsov, Valentin Serov, Ivan Sjisjkin en Vasili Perov.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]