Valentin Serov

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Valentin Serov. Selsportret.
Portret fan de Italjaanske sjonger Angelo Masini

Valentin Aleksandrovitsj Serov (Russysk: Валентин Александрович Серов) (Sint-Petersburch, 7/19 jannewaris(*) 1865 - Moskou, 22 novimber/5 desimber(*) 1911) wie in Russysk keunstskilder dy't ta it keunstnerskollektyf de Swalkers hearde.

Serov wie de soan fan komponist Aleksander Serov. Hy waard fral beynfloede troch syn learmaster Ilja Repin, syn freon Michail Vroebel en de keunstnerrûnte dy't yn Abramtsevo gearkamen. Serov lei jim ta op portrettearjen. Keunstners út syn fermidden wiene syn favorite modellen; bekende portretten binne bygelyks dy fan lânskipsskilder Isaak Levitan, de skriuwer Nikolaj Leskov en komponist Nikolaj Rimski-Korsakov (Tretjakovgalery).

Serov waard tige populêr, en krige opdrachten út de heechste fermiddens. Sjoch it skilderij fan gruthartoch Pavel Aleksandrovitsj. Tagelyk makke er lykwols ek yntime tafreeltsjes mei lytse bern dy't yn it gemoed taaste.

Fan 1900 ôf gie Serov oer fan in ympresjonistyske styl nei mear modernistyske. Ut dy tiid binne bekend de portretten fan de skriuwer Maksim Gorki, de aktrise Maria Jermolajeva en de ferneamde bas Fjodor Sjaljapin. Uit protest tegen de Bluodrige Snein (9 jannewaris 1905) ferliet er de Akademy fan Skoandere Keunsten fan Sint-Petersburch. Dêrnei makke er meast histoarjestikken. Yn syn lettere jierren makke er ek faker lânskippen.

Serov wie learaar oan de Moskouske Skoalle foar Skilderkeunst, Byldhoukeunst en Arsjitektuer fan 1897 oant 1909. Hy hat dêr lesjûn oan ûnder oaren Pavel Koeznetsov, Nikolaj Sapoenov, Koezma Petrov-Vodkin, Nikolaj Oeljanov en Konstantin Joeon. Serov is bedobbe op it Novodevitsji-begraafplak yn Moskou.

(*)Noat: de earste datum is neffens de Juliaanske kalinder, jildich oan de Oktoberrevolúsje fan 1917; de twadde datum is de datum neffens de Gregoriaanske kalinder fan no.

Wurk (kar út)[bewurkje seksje | edit source]

http://www.newint.org/features/1999/01/01/309labour1.jpg

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Valentin Aleksandrovich Serov en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.