Andrej Roebljov

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Andrej Roebljov (Russysk: Андре́й Рублёв) (1360? - 29 jannewaris 1430?) wurdt yn it generaal beskôge as de grutste Russyske skilder fan ikoanen ea.

Roebljovs ikoan fan de Hillige Trije-ienheid

Roebljov syn libben is mar in bytsje fan bekend. Wierskynlik libbe er yn it lavra fan Sergiev Posad.

It wurk fan Roebljov waard foar it earst neamd yn 1405, doe't er ikoanen en freskos makke foar de Oespenski Katedraal yn it Kremlyn fan Moskou, mei Teofanus de Gryk en Prokor fan Gorodets dêr't er de jongste fan wie. Yn 1408 beskildere er mei Daniil Tsjorni de Oespenski Katedraal yn Vladimir en fan 1425 oant 1427 de Trije-ienheidskatedraal fan it lavra yn Sergiev Posad. Syn lêste wurk wie oan it Andronikov kleaster yn Moskou. Yn 2006 waard bekendmakke dat Roebljovs stoflik omskot werom fûn wie yn ien fan de twa tsjerken fan dit kleaster. Oant dan wie it net bekend wêr't er lei.

By it konsily fan de hûndert haadstikken waard Roebljovs wurk ta mjitstêf foar religieuze keunst. Yn 1988 waard Roebljov troch de Russysk-Ortodokse tsjerke hillich ferklearre. Syn nammedei is 4 july.

Roebljovs ferneamdste wurk, en it iennige dat mei wissichheid oan him taskreaun wurde kin, is de ikoan fan de Hillige Trije-ienheid fan om 1410 hinne. It is basearre op in eardere ikoan, bekend as de "Gastfrijens fan Abraham" (neffens Genesis 18). Roebljov helle de figueren fan Abraham en Sarah fuort, en lei subtyl de klam fan de komposysje op it hillige mystearje fan de Trije-ienheid. Dit ikoan is no part fan de permaninte útstalling fan de Tretjakovgalery yn Moskou.

Roebljov syn libben waard yn 1966 ferfilme troch de Russyske regisseur Andrej Tarkovski.

Kar út syn wurk[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]