Kazimir Malevitsj

Ut Wikipedy
Kazimir Malevitsj
keunstner
Kazimir Malevitsj
Kazimir Malevitsj
persoanlike bysûnderheden
echte namme Kazimir Severinoviisj Malevitsj
nasjonaliteit Keizerryk Ruslân,
Sovjet-Uny
berne 23 febrewaris 1879
stoarn 15 maaie 1935 (57 jier)
etnisiteit Poalsk
wurkpaad
wurksum as Skilder
streaming Suprematisme, konstruktivisme
medium Skilderij
bekendste
  wurk(en)
Swart fjouwerkant, Wyt op wyt
Kazimir Malevitsj, selsportret, 1933

Kazimir Severinovitsj Malevitsj (Russysk: Казимир Северинович Малевич; Oekraynsk: Казимир Северинович Малевич; Wytrussysk: Казіме́р Мале́віч; Poalsk: Kazimierz Malewicz; Dútsk: Kasimir Malewitsch) (Kiev, 23 febrewaris 1879[1] - Leningrad, 15 maaie 1935) wie in Oekraynsk keunstskilder dy't ferneamd waard yn West-Europa as dosint en as teöretikus fan it konstruktivisme en it suprematisme, as moderne keunstrjochtingen.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Malevitsj waard berne yn de omkriten fan Kiev, de Oekraïne. Syn âlden, Seweryn en Ludwika Malewicz, wiene fan Poalsk komôf. Syn heit wie manager fan in sûkerfabryk. Kazimir wie de âldste fan 14 bern. De húshâlding ferhuze faak en Malevitsj brocht it grutste part fan syn jeugd troch yn doarpen by sûkerbiteplantaazjes fier fan de kulturele sintra.

Oant syn 12e of 13e wist er neat fan beropskeunstners, hoewol't de keunst fan boeren him yn syn jeugd oeral omjûn hie. Hy wie wei fan boereborduerwurk en fan bewurke muorren; hy koe sels ek yn de boerestyl skilderje. Hy studearre skilderjen yn Kiev fan 1895 oant 1896. Yn 1904, nei de dea fan syn heit, ferfear er nei Moskou. Dêr studearre er fan 1904 oant 1910 oan de Hegeskoalle foar Skilderkeunst, Plastyk en Arsjitektuer.

Oarspronklik liet Malevitsj' wurk ympresjonistyske en symbolistyske skaaimerken sjen, mar nei 1910 makke er de kar foar in geometryske foarmûntleding, dy't er kombinearre mei in lyrysk kleurebyld en dy't late soe ta syn bekende futuristyske figuraasje. Syn kegel- en silinderfoarmige figueren fynt men werom by de Frânske Fernand Léger, dy't yn deselde snuorje libbe en wurke. Om 1915 hinne definieart Malevitsj syn wurk as it Suprematisme, as "de absolute macht fan de byldzjende ekspresje". Malevitsj: "Under suprematisme ferstean ik de supremasy fan de suvere ûnderfining yn de byldzjende keunst".

Yn 1919 jout Malevitsj les oan de Folkskeunstskoalle yn Vitebsk, dêr't er mei in tal oare dosinten en learlingen syn tinken fierder útwurket yn de keunstnersferiening Unovis. Letter soe dit yn Petrograd fuortset wurde yn it ynstitút Ginchoek.

Mei syn teoretisearjende opfettings bedarre er yn de arsjitektuer en de yndustriële foarmjouwing en sa kaam er úteinlik telâne, yn 1927, te Berlyn by it Bauhaus, om syn ferhannelingen te publisearjen op de 'Berliner Große Kunstausstellung'.

Nei de ommekear yn de offisjele sovjetkeunstpolityk, nei 1928, waard it wurk fan Malevitsj as 'dekadint' en 'bougeois' klassifisearre. In protte fan syn wurk waard yn beslach naam. Sadwaande makke er dy min of mear figurative skilderijen dy't it boerebestean as tema hienen, opboud út tige elemintêre foarmen, dat wol. Letter yn syn libben krige er niget oan it Renessânse-potret; der ûntstiene doe lykwichtige portretten, û.o. fan him sels en fan syn frou.

Malevitsj stoar yn de âldens fan 58 jier oan prostaatkanker.

Skilderstyl[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Suprematist Composition: Airplane Flying, 1915
  • Composition of Combined Suprematist Elements, 1919

Malevitsj' bekendste wurk wurdt ta it suprematisme rekkene. Yn it wurk Suprematistysk skilderij út 1916 brûkte Malevitsj rjochthoeken yn swart, wyt en primêre kleuren. Der is in strange ferdieling fan foarmen en kleuren. Hy brûkte ek mingkleuren fan primêre kleuren makke; ferskillende toanen read en giel waarden ek tapast. Hy sette de foarmen skean del; de rjochthoeken kantele. Malevitsj brûkte geometryske foarmen, dy't net beheind bleaune ta horizontale en fertikale linen, sa as de Nederlânske skilder Piet Mondriaan meastentiids wol die.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]