Tineke Postma

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Tineke Postma

Tineke Postma (It Hearrenfean, 1978) is in Nederlânsk saksofoaniste.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Tineke wie alve jier doe't sy mei saksofoanspyljen útein sette. Sy studearre oan it Konservatoarium fan Amsterdam yn it tiidrek 1996-2003, dêr't se cum laude in Masters Diploma helle. Sûnt 2005 is Postma as dosint ferbûn oan it konservatoarium. Sy folge in mastersoplieding oan de Manhattan School of Music yn New York yn 2002. Postma studearre by David Liebman, Dick Oatts en Chris Potter. Sy krige twa beurzen foar dy stúdzje.

Postma arbeide op mei Terri Lyne Carrington op it album The Mosaic Project yn 2011[1].


Diskografy[bewurkje seksje | edit source]

  • 2003 - First Avenue. De cd is yn it lêste jier fan de konservatoariumstúdzje útkaam.
  • 2005 - For the Rhythm feat. Terri Lyne Carrington ; de cd stie trije wiken yn de top 20 fan de Amerikaanske radio Jazz Week Charts, 4 stjerren resinsjes yn de Downbeat.
  • 2005 - DVD Live in Amsterdam (Tineke Postma Quintet, Amsterdam)
  • 2007 - A Journey That Matters feat. Terri Lyne Carrington; 4 stjerren resinsjes yn de Downbeat, Evening Standard, Rolling Stone, de Volkskrant.
  • 2009 - The Traveller
  • 2011 - The Dawn of Light

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Carrington, Terri Lyne The Mosaic Project; Concord Jazz, 2011
Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Tineke Postma en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.