Tineke Postma
Appearance
Tineke Postma (It Hearrenfean, 1978) is in Nederlânsk saksofoniste en komponiste yn de jazz. Se spilet postbop, op altsaksofoan, sopraansaksofoan en somtiids ek tenoarsaksofoan.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tineke wie alve jier doe't sy mei saksofoanspyljen útein sette. Sy studearre oan it Konservatoarium fan Amsterdam yn it tiidrek 1996-2003, dêr't se cum laude in Masters Diploma helle. Sûnt 2005 is Postma as dosint ferbûn oan it konservatoarium. Sy folge in mastersoplieding oan de Manhattan School of Music yn New York yn 2002. Postma studearre by David Liebman, Dick Oatts en Chris Potter. Sy krige twa beurzen foar dy stúdzje.
Postma arbeide op mei Terri Lyne Carrington op it album The Mosaic Project yn 2011.[1]
Yn 2015 wûn se de Boy Edgarpriis.[2]
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2003 - First Avenue. De cd is yn it lêste jier fan de konservatoariumstúdzje útkaam.
- 2005 - For the Rhythm feat. Terri Lyne Carrington ; de cd stie trije wiken yn de top 20 fan de Amerikaanske radio Jazz Week Charts, 4 stjerren resinsjes yn de Downbeat.
- 2005 - DVD Live in Amsterdam (Tineke Postma Quintet, Amsterdam)
- 2007 - A Journey That Matters feat. Terri Lyne Carrington; 4 stjerren resinsjes yn de Downbeat, Evening Standard, Rolling Stone, de Volkskrant.
- 2009 - The Traveller
- 2011 - The Dawn of Light
- 2014 - Sonic Halo, mei Greg Osby, Challenge Records
- 2020 - Freya, Edition Records
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Tineke Postma fan Wikimedia Commons. |