Stefan Banach

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Stefan Banach

Stefan Banach (Krakau, 30 maart 1892 - Lemberg, 31 augustus 1945), wie in Poalsk wiskundige, yn fan de driuwende kreften fan de Lvov-streaming by de Poalse wiskundigen fan foar de Twadde Wrâldoarloch.

Wurkpaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Banach wie fral autodidakt; syn betúftens waard ûntdutsen troch Hugo Steinhaus. Doe de Twadde Wrâldoarloch útbruts wie Banach presidint fan de 'Poalske wiskunde mienskip' en professor oan de Universiteit fan Lvov. Hy wie teffens lid fan de Akedemy fan Wittenskippen fan de Ukraynske SSR. Omdat hy it goed fine koe mei Russyske wiskundigen, koe er syn heechlearaarskip behâlde ûnder de Russyske besetting fan Lvov. De Dutske besetting fan de stad yn 1941 resultearre yn in massamoard ûnder de Poalske akademisy. Banach oerlibbe, mar koe him alline yn libben hâlde troch it fieden fan luzen mei syn bloed yn it prof. Rudolf Weigl-ynstitút, dêr't ûndersyk dien waard oan tyfuseftige koarts. Yn de besetting rûn syn sûnens tebek (longkanker). Banach ferstoar noch foardat et út Lvov wei, dat nei de oarloch ynliifd waard troch de Sovjet-Uny, nei Poalen emigrearje koe.

Théorie des opérations linéaires (Teoria operacji liniowych, 1932) wurdt beskôge as syn wittenskiplike bydrage mei de grutste ynfloed. Hy begûn ek mei de Studia Mathematica- rige, der't hy de redaksje oer hie.

Stanislaw Marcin Ulam, in oare wiskundige út Lvov, sei yn syn autobiografy oer Banach: "Goede wiskundigen sjogge analogyen. Grutte wiskundigen sjogge analogyen tusken de analogyen".

Banach wie de grûnlizzer fan de funksjonaalanalyse; hy levere ek wichtige bydragen oan de teory fan fektorromten, mjitteteory, samlingelear en oare ûnderdielen fan de wiskunde.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]