Springe nei ynhâld

Smolny-kleaster (Sint-Petersburch)

Ut Wikipedy
Smolny-kleaster
Смольный монастырь
Lokaasje
lân Ruslân
plak Sint-Petersburch
koördinaten 59° 56' N 30° 23' E
Ynformaasje bou
arsjitekt Francesco Bartolomeo Rastrelli
boujier 1748-1764
boustyl barok
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 781520269060006
Kaart
Smolny-kleaster (Sint-Petersburch-Sintrum)
Smolny-kleaster

It Smolny-kleaster (Russysk: Смольный монастырь; Smolny monastyr) of it Smolny-kleaster fan 'e Opstanning is in Russysk-otterdokse katedraal oan 'e Neva yn it Russyske Sint-Petersburch. De gebouwen om 'e katedraal hinne wiene oarspronklik bedoeld om in kleaster te wurden (dêrfandinne de namme fan it kompleks), mar troch omstannichheden is dat nea wat wurden.

It kleaster waard boud foar Elisabeth, de dochter fan Peter de Grutte, dy't feroardield waard non te wurden om't har de troan ynearsten ûntsein waard. In súksesfolle steatsgreep kearde foar Elisabeth de kânsen. Ivan VI waard ôfset en Elisabeth waard tsarina ynstee fan non. Hja boude fierder oan it kleaster dêr't hja nea yn wenje soe.

De yn wyt en blauwe kleuren útfierde kleastertsjerke wurdt beskôge as ien fan 'e masterwurken fan 'e Italjaanske arsjitekt Francesco Bartolomeo Rastrelli, dy't ek it Winterpaleis op 'e nij ûntwurp. De arsjitekt liet dêrnjonken it Katarinapaleis yn Tsarskoje Selo en it Grutte Paleis yn Peterhôf en mannich oare grutte monuminten yn Sint-Petersburch bouwe.

Model fan it kleaster mei de nea foltôge klokkentoer.

De katedraal waard tusken 1748 en 1764 boud. Yn 1751 briek der oarloch út mei Prusen en brek oan jild soarge dat de bou mar stadich eine. It kleaster soe de heechste klokketoer fan Sint-Petersburch krije, mar de dea fan tsarina Elizabeth ferhindere de bou dêrfan. Katarina folge Elizabeth op en hja moast neat ha fan 'e barokke styl. Al gau rekke it jild foar de bou op. Sadwaande wie Rastrelli net yn steat om de ûnbidich hege klokketoer fan 140 meter heech te bouwen. Ek wie der gjin jild mear om it ynterieur te foltôgjen.

Yn 1835 soarge Vasily Stasov foar it foltôgjen fan it ynterieur yn neo-klassisistyske styl, sa't dat doe yn 'e moade wie. Op 22 july 1835 waard de katedraal ynwijd. It haadalter waard opdroegen oan 'e Opstanning fan Kristus en de beide sydalters oan Marije Magdalena en Elisabet.

De katedraal waard troch de bolsjewistyske autoriteiten yn 1923 ûnthillige en sletten. It bouwurk waard plondere en rekke yn ferfal. Yn 1982 krige de eardere katedraal de bestimming fan konsertgebou. Tsjintwurdich is de katedraal noch jimmeroan as konsertgebou yn gebrûk. Yn 'e oare kleastergebouwen binne kantoaren en oerheidsynstellings fêstige. Ek brûkt de Universiteit fan Sint-Petersburch in tal gebouwen om de katedraal hinne. It bekende Smolny-ynstitút waard ferneamd nei it kleaster.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Smolny-kleaster, Sint-Petersburch fan Wikimedia Commons.