Sinkfal
Appearance
De Sinkfal (yn it Latyn: Sincfala) wie eartiids in smel wetter dat lei tusken it fêstelân en it dêr noch net mei ferbûne Kadsân yn Siuwsk-Flaanderen[1]. Lange tiid is de Sinkfal lyksteld mei It Swin, mar neffens ynsichten fan distiid hat dy namme nea oars oantsjutten as it kanaal tusken Brugge en de see, dat likernôch yn 1127 iepensteld waard. Yn de Lex Frisionum is sprake fan it wengebeit fan de Friezen dat lei tusken Weser en de Sinkfal.
Literatuerferwizing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Stéphane Lebecq, Fryske keaplju en seefarders, side 85, Ljouwert (1994).
Fuotnoat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- ↑ ferklearende noat dy't yn de 12e iuw tafoege is oan de Gesta fan Adam fan Bremen