Lex Frisionum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Lex Frisionum (Wet fan de Friezen) is in skrift dêr't it gewoanterjocht fan it Fryske folk in optekene is. De Lex Frisionum waard foar it earst op skrift steld tusken 785 en 793. It rjocht dat yn de Lex Frisionum optekene is, bestie wierskynlik al ieuwen. Pas op inisjatyf fan Karel de Grutte waard it op papier set. It beskriuwt hokker straffen der stiene op deaslach, ferwûning, stellerij en ynbrek op de houlikswetten. Foar sokke fergripen moast in boete betelle wurde, oan it slachtoffer (of de neibesteanden), of oan de kening, of allebeide.

Yn de Lex Frisionum stien ek bepalingen oer de gong fan it proses, sa wienen der fêste rjochtsdagen, "placita generalia", dêr't alle dingplichtigen byien kamen. Yn it âlde rjocht bepaalde de kleier op hokker grûn it geding fierd waard. Dêrby jilde de rigel: dêr't gjin kleier is, is ek gjin rjochter. Wat ynhâlde dat allinnich rjocht sprutsen wurde koe as it slachtoffer of syn famylje de moed hienen om te kleien. Yn alle oare gefallen dus net. Omdat bûten in attrappearring op 'e die bewiis sûnder opspoaringstsjinst hast net te leverjen wie, spile it godsoardiel in wichtige rôle. En nei alle gedachten waard ek brûk makke fan eden. [1]

Yn de iere Midsieuwen wie Frisia folle mear as de hjoeddeiske provinsje Fryslân: it wie de hiele kuststripe fan Flaanderen, oer Hollân, oant Noard-Dútslân. De Lex Frisionum jilde foar dat hiele gebiet. Alle kennis oer de Lex is basearre op de âldst printen ferzje fan de Lex Frisionum fan 1557. De boekprinter Joannis Basilius Herold út Basel fersoarge doe in boekwurk dêr't hy alle Germaanske wetten út de tiid fan Karel de Grutte yn opnaam, wêrûnder de Lex Frisionum. Bûten tafoegings troch oaren, steane der ek artikels yn de Lex Frisionum dy't letterlik oernommen binne út oare Germaanske wetten.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • C. Scholten, 'De munten in de Lex Frisionum', Jaarboek van het Koninklijk Nederlandsch Genootschap voor Munt- en Penningkunde (1943-1945) 1-68.
  • W. Krogmann, 'Entstehung und Eigenart der Lex Frisionum', Philologia frisica 62 (1963) 76-103
  • Harald Siems, Studien zur Lex Frisionum (Ebelsbach am Main, 1980; bewurking fan proefskrift München 1979)
  • Karl August Eckhardt - Albrecht Eckhardt, Lex Frisionum, Hannover, 1982, ISBN 3775251340, ek online te rieplachtsjen
  • Jean Baerten, 'L'interprétation de la Lex Frisionum en matière monétaire. Considérations méthodologiques', Studia varia Bruxellensia (1994) 3-12.
  • Rijk Timmer, 'Restanten van Oud-Germaans recht in de Lex Frisionum', Pro Memorie (2000) 17-45.
  • N.E. Algra, Zeventien keuren en vierentwintig landrechten, twadde printinge, Doorn, 1991, ISBN 9074284043, ek online te rieplachtsjen
  • D.J. Henstra, The evolution of the money standard in medieval Frisia (C.600-c.1500) (Hilversum: Utjouwerij Verloren, 2000; ek proefskrift Grins 2000, ISBN 9036712025) - ek online te rieplachtsjen
  • D.J. Henstra, "Het probleem van de geldbedragen in de Lex Frisionum". Jaarboek voor Munt- en Penningkunde, 88 (2001) 1-32

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. prof. mr. D.H. de Jong e.a., "strafprocesrecht". [1]