Sealterfryske literatuer

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Sealterfryske literatuer
Lesebouk foar Seelterlound, 1953-1965, 378 siden
Seelter Trouje, 1969
Margaretha Grosser mei Die litje Prins

Om 1800 hinne waard der al skreaun yn it Sealterfrysk. Mânske boeken binne der net. Foar it meastepart binne it dichtbondels of lytse ferhalen.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

Mei it útjaan fan de seelter Spräkwoudesamlenge begjint it tiidrek foar de Sealterfryske literatuer pas goed. Gesina Lechte-Siemer (1911-2007) wie de earste dichter in de Sealterfryske taal, it teaterstik Louts Hinerks Tjoue hat hja yn 1931/32 skreau. Dät Ooldenhuus wie in útjefte fan Hermann Janssen (1888-1971) dat yn 1964 publisearre wurden is. Hy begûn mei it Lesebouk foar Seelterlound (1953-1965) yn de regionale krante, de General Anzeiger. Hy hie ek mei Pyt Kramer foar de Seelter Trjoue skreaun, wêrfoar meardere ûnbekende Sealterfriezen literêre saken skreaun hawwe. Twiske Ticheläi un Baarenbierich is part fan it Sealterfryske wurk fan Theo Griep (1916-2007) dat er allinnich skreaun hat, yn gearwurking hat hy sawol yn it Sealterfrysk as ek Dútsk skreaun. Theo Deddens skreau fan 1977-1990 Sealterfryske stikken yn de regionale krante, de Münsterländische Tageszeitung. Hjoed de dei skriuwt hy noch stikjes yn de General-Anzeiger. Hy skriuwt yn it Skäddelerdialekt fan it Sealterfrysk. Margaretha Grosser (*1934) hat in soad literêre wurken skreaun, de Dööntjen un Fertälstere uut Seelterlound binne ek bûten it Sealterlân bekend en ek Mien Tuunschiere is it neamen wurdich. Yn 2009 en 2010 binne Die litje Prins (De Lytse Prins) en de Tuusterpäiter (Smoarge Piter) troch Gretchen (Margaretha) Grosser nei it Sealtersk oerset. Ek skriuwt hja Sealterfryske stikken, har Dööntjen un Fertälstere yn de regionale krante, de General-Anzeiger. It Näie Tästamänt un do Psoolme (nije Testamint en de Psalmen) binne yn it jier 2003 troch Marron Curtis Fort nei it Sealterfrysk oerset.

[bewurkje seksje] Sealterfryske tydskriften

Fan 1966 oant 1972 kaam de Seelter Trjoue alle fearnsjierren út. Hjoed wurde der siden yn it Sealterfrysk skreaun yn it tydskrift Eala.

[bewurkje seksje] Sealterfryske stripferhalen

[bewurkje seksje] Sealterfryske skriuwers / Skriuwers yn it Sealterfrysk

[bewurkje seksje] Ofbylden

[bewurkje seksje] 1. Sealterfryske literatuer

[bewurkje seksje] 2. Oare Sealterfryske boeken

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen