Europeesk Buro foar Lytse Talen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

It Europeesk Buro foar Minderheidstalen is in ynternasjonale organisaasje dy't de opjefte hat, de minderheidstalen yn de Europeeske Uny te ûntwikkeljen of te helpen ûntwikkeljen, en der foarljochting oer te jaan.

It Europeesk Buro hat in ynformaasjesintrum yn Brussel, dat in koördinearjende funksje hat. Dit sintrum is ferantwurdklik foar in rige publikaasjes yn en oer ferskate minderheidstalen. It ynformaasjesintrum fiert tagelyk in lobby by de Europeeske politike top foar subsydzjes en minderhedenpolityk. Ta de aktiviteiten fan it Europeesk Buro hearre foarljochtingsgearkomsten op de jierlikse Europeeske talendei, 23 april. Fierder wiist it Europeesk Buro ynstellingen dy't mei minderheidstalen wurkje op subsydzjemooglikheden en bemiddelt it by subsydzjeoanfragen. It Europeesk Buro jout de periodyk 'Contact Bulletin' út en beheart ûnder de namme Eurolang in parseburo oer minderheidstalen.

De kosten fan it Buro waarden oant ein jieren '90 foar it meastepart foldien mei subsydzjes fan de Europeeske Uny. Troch it weifallen fan de strukturele subsydzjes foar minderheidstalen yn de Europeeske Uny is it Europeesk Buro ein jieren '90 yn finansjele problemen rekke, wêrtroch't it eardere koördinaasjesintrum yn Dublin sluten wurde moast. De taken fan dat sintrum binne foar it meastepart troch it Brusselske ynformaasjesintrum oernomd.

It Europeesk Buro hat yn alle lidsteaten fan de EU dy't minderheidstalen binnen harren grinzen hawwe in lidsteatkommisje. Dizze kommisje bestiet út fertsjintwurdigers fan organisaasjes dy't mei de minderheidstalen út de betreffende lidsteat te krijen hawwe. De lidsteatkommisjes fersoargje binnen de lidsteat foarljochting oer de Europeeske minderheidstalen, en bringe oan de oare kommisjes en oan it ynformaasjesintrum ferslach út fan de minderhedenpolityk yn harren steat.

Omt de Nederlânske lidsteatkommisje it Frysk as wurktaal brûkt, wurdt yn Nederlân de Fryske namme Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) mear brûkt as de Nederlânske. Yn it Nederlânske taalgebiet wurde ek de Frânse namme Bureau Européen pour les Langues Moins Répandues (BELMR) en de Ingelske namme European Bureau for Lesser Used Languages (EBLUL) wol brûkt.

Sjoch ek [bewurkje seksje]