Samuel Coleridge-Taylor

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Samuel Coleridge-Taylor

Samuel Coleridge-Taylor (Holborn Londen, 15 augustus 1875- Londen 1 septimber 1912) wie in Britsk komponist en dirigint. De Afro-Amerikanen mochten him graach lije op syn reizen nei de Feriene Steaten. Yn New York City krige er de bynamme 'Swarte-Mahler' fan it meast blanke orkest.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Coleridge wie in soan fan Daniel Peter Hughes Taylor, in Krio út Sierra Leöane en de Ingelske Alice Hare Martin. Taylor moast werom nei Afrika dat hy waard foar it grutste part grutbrocht troch syn mem en syn pake Benjamin Holmans. Colerigde studearre fioele oan it Royal College of Music yn Londen en letter ek komposysje by Charles Villiers Stanford. Hy troude yn 1899 Jessie Walmisley, ek in studinte oan it RCM, tsjin it sin fan har âlden, dy't tsjin in mingd houlik wienen. Sy krigen in soan Hiawatha (1900-1980) en in dochter Gwendolyn, ropnamme Avril (1903-1998). Coleridge hie de namme dat er in skruten man wie, mar dat gie oer at er foar in orkest stie. Coleridge syn ynkommen foel ôf; de muzykútjouwerijen holden de royaltys meast sels, ûnder it mom fan dat sy ek it risiko fan ynvestearjen naam hiene. Coleridge stoar mei 37 jier oan in longûntstekking. Syn widdo liet witte dat sy gjin jild hie, foar kening George V, dy't de komponist tige bewûndere, reden om har in jierlikse útkearing fan 100 Pûn sterling te jaan. Ta neitins fan Coleridge waard 1912 in konsert jûn dat 300 pound sterling opsmiet, ek ornearre foar de widdo. Dan krige sy noch wat royalty's, mar dy hiene net folle om de hakken.

Muzyk[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1896 ferskynde syn earste wurk. De Britske muzykútjouwerij Novello fûn syn wurk sa goed, dat sy him foar fierdere help oanmelden by komponist Edward Elgar. Elgar advisearre it Three Choirs Festival wurk fan Coleridge op it programma te setten. Coleridge waard bekend, yn 1904 koe er nei de Feriene Steaten, dêr't syn houlik lykwols wol ûnder te lijen hie. Hy gie muzikaal werom nei syn Afrikaanske woartels, mei ûnder ynfloed fan de swarte Amerikaanske dichter Paul Laurence Dunbar.

Coleridge syn meast ferneamde wurk is 'Hiawatha’s Brulloft', in kantate dy't yn dy dagen wat populêrens oanbelange allinne ûnderdwaan moast foar de Messiah fan Händel en Elijah fan Felix Mendelssohn. Der folge in hiele rige wurken oer Hiawatha: The Death of Minnehaha, Overture to the Song of Hiawatha en Hiawatha’s Departure. Royalty's foar 'Hiawatha’s Dream' krige er net; hy hie de rjochten al ferkocht. Hy komponearre yn alderlei sjenres, fan keamermuzyk oant symfony. Neist de Hiawatha-rige bleaune fral syn fioelekonsert, Afrikaanske dûnsen, Petite suite de concert en oar wurk foar fioele populêr.

Nei de Twadde Wrâldkriich rekke er fergetten, mar yn 1999 krige er wer omtinken doe't der wurk fan him, dêr't fan tocht waard dat sy wei wienen, weromfûn waard. It gie om in nonet, in pianotrio en in pianokwintet, dy't postúm harren premiêre krigen. Letter kaam der noch mear fan syn wurk oan it ljocht, sa as de opera yn trije akten 'Thelma', ek bekend ûnder de namme The Amulet (de namme Thelma komt yn de hiele opera net iens foar).

Opname[bewurkje seksje | edit source]

  • Samuel Coleridge-Taylor: Chamber Music – Hawthorne String Quartet. Label: Koch International 3-7056-2

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]