Robert Horstink

Ut Wikipedy
Robert Horstink
sporter
Robert Horstink
Robert Horstink
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 26 desimber 1981
berteplak Twello
lingte 2,01 m
sportive ynformaasje
sport Follybal
O.S. 2004

Robert Horstink (Twello, 26 desimber 1981) is in Nederlânske follybalspiler.

Hy begûn mei it follybal doe't er fiif jier wie. Yn 2004 makke er syn Olympysk debút op de Olympyske Spullen fan 2004 yn Atene. De Nederlânske ploech einige op dat toernoai op in njoggende plak.

Hy spilet (2007) by Sisley Treviso yn Itaalje. Foarhinne spile er by Noliko Maaseik (Belgje), Piet Zoomers Dynamo, SSS Barneveld en Voorwaarst Twello. Yn maart 2011 hat Horstink, mei ûnder oare Rob Bontje, de Europeeske CEV Cup wûn. De earste wedstriid waard mei 3-2 ferlern yn Poalen by Zaksa Kedzierzyn-Kozle, yn eigen hûs waard wûn mei 3-1. Doe moast in saneamde 'golden set' in beslissing bringe. Dêryn wie Treviso mei 15-11 de sterkste.[1]

Op 1 oktober 2010 hat Robert Horstink yn totaal 156 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Europese CEV Cup voor Horstink en Bontje", volleybal.nl, 13 maart 2011