Return to the Planet of the Apes

Ut Wikipedy
Return to the Planet of the Apes
tillefyzjesearje
(Omslach fan 'e dvd yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
betocht troch Pierre Boulle
ûntwikkele troch David H. DePatie
Friz Freleng
produsint David H. DePatie
Friz Freleng
regisseur(s) Doug Wildey
basearre op La Planète des singes
   fan Pierre Boulle
muzyk Dean Elliott
tillefyzjestudio DePatie-Freleng Enterprises
20th Television
distribúsje Disney-ABC Domestic TV
fia Disney Platform Distribution
spilers
haadrollen Richard Blackburn
Tom Williams
Austin Stoker
Claudette Nevins
Philippa Harris
Henry Corden
Edwin Mills
skaaimerken
foarm tekenfilmsearje
sjenre science fiction, aventoer
seizoenen 1
jierren 1975
tal ôfl. 13
spyltiid (ôfl.) 24 min.
lân/lannen Feriene Steaten
taal Ingelsk
besibbe searjes Planet of the Apes

Return to the Planet of the Apes is in Amerikaanske tekenfilmsearje út 1975, dy't ien seizoen rûn. De titel betsjut: "Weromkear nei de Planeet fan 'e Apen". De science fiction-searje makket diel út fan 'e Planet of the Apes-franchise en is basearre op 'e science fiction-roman La Planète des singes, fan 'e Frânske skriuwer Pierre Boulle, út 1963. Return to the Planet of the Apes folget de aventoeren fan in trijetal Amerikaanske astronauten dy't by fersin troch de tiid reizgje nei de takomst en strâne reitsje op in Ierde dêr't minsken ferfallen binne ta in primitive, bisteftige steat, wylst minskapen der de tsjinst útmeitsje. Oars as de film Planet of the Apes út 1968, de fjouwer ferfolchfilms en de live-actiontillefyzjesearje Planet of the Apes lit Return to the Planet of the Apes in apebeskaving sjen dy't technologysk heechûntwikkele is. Dêrmei is it in trouwere werjefte fan 'e roman fan Boulle.

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Begjin 1975, nei't de live-actiontillefyzjesearje Planet of the Apes healwei it earste seizoen stopset wie omreden fan te lege sjochsifers, besleaten filmstudio 20th Century Fox en tillefyzjenetwurk NBC om it útgongspunt fan 'e Planet of the Apes-franchise te adaptearjen ta in tekenfilmsearje. Dy kaam Return to the Planet of the Apes te hjitten en waard basearre op 'e roman La Planète des singes út 1963, fan 'e Frânske auteur Pierre Boulle.

As tillefyzjeprodusinten wiene David H. DePatie en Friz Freleng by de produksje belutsen foar harren eigen tillefyzjestudio DePatie-Freleng Enterprises en foar 20th Television, in dochterûndernimming fan 20th Century Fox. Doug Wildey hie as associate producer en tafersjochhâldend regisseur de deistige lieding oer it projekt. De titelmuzyk en soundtrack waarden makke troch komponist Dean Elliott.

Wildey hie fan 'e filmsearje inkeld Planet of the Apes (1968) en Beneath the Planet of the Apes (1970) sjoen, en de tekenfilmsearje kearde sadwaande werom nei de tematyk oer de Kâlde Oarloch fan dy earste beide films. De beskaving fan 'e minskapen waard lykwols basearre op beskriuwings út 'e roman fan Boulle, mei in kultuer dy't technologysk heech ûntwikkele is mei auto's, fleantugen, flatgebouwen en tillefyzjes. It oarspronklike senario foar de earste film omfette al dy eleminten ek, mar it die bliken dat in live-actionferfilming dan fierstente djoer waard, dat úteinlik krigen de apen in beskaving wêrby't se yn ienfâldige wenten libben en har ferpleatsten op hynders. Mei't foar in tekenfilmsearje net deselde beheinings gouwen as foar in live-actionferfilming, koe men no de apebeskaving toane sa't dy oarspronklik bedoeld wie.

Return to the Planet of the Apes waard distibuëarre troch Disney-ABC Domestic Television fia Disney Platform Distribution. De searje waard troch NBC foar it earst op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd fan 6 septimber oant en mei 29 novimber 1975. Der waarden yn totaal 13 ôfleverings makke fan elts 24 minuten. Return to the Planet of the Apes wist gjin hege sjochsifers te berikken, dat trije ôfleverings foar de ein fan it earste seizoen waard er stopsetten. Op 3 oktober 2006 waard de hiele searje troch 20th Century Fox op dvd útrbrocht yn it ramt fan 'e Ultimate DVD Collection.

Utgongspunt fan 'e plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Trije Amerikaanske astronauten, Bill Hudson, Jeff Allen en Judy Franklin, reizgje by fersin troch de tiid nei de fiere takomst fan 'e Ierde. Dêr ûntdekke se dat de wrâld dan befolke wurdt troch yntelliginte en pratende minskapen, dy't in heech technologysk ûntwikkele beskaving hawwe, wylst primitive minsken as bisten yn 'e wyldernis libje. In jonge primitive frou, Nova, jout har by de astronauten. De sinistere generaal Urko, in gorilla dy't minsken hatet, sit de astronauten al rillegau op 'e hakken, noris stipe en dan wer tsjinwurke troch de orang-oetan dr. Zaius, de lieder fan 'e wittenskiplike mienskip fan 'e apen, dy't syn twifels hat oer de metoaden fan Urko. De astronauten krije help fan 'e sjimpansee-wittenskippers Cornelius en Zira. Ek hawwe se gedoente mei de saneamde 'Underwenners', yntelliginte minsklike mutanten dy't in ûndergrûnske beskaving opboud hawwe dêr't de apen neat fan ôfwitte. De trije astronauten belibje alderhanne aventoeren, wylst se Urko-en-dy in stap foarbliuwe moatte en tagelyk besykje te begripen wat harren no eins oerkommen is.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
astronaut Bill Hudson Richard Blackburn
Tom Williams
astronaut Jeff Allen Austin Stoker
astronaute Judy Franklin Claudette Nevins
Zira (in sjimpansee) Philippa Harris
Cornelius (in sjimpansee) Henry Corden
Edwin Mills
generaal Urko (in gorilla) Henry Corden
dr. Zaius (in orang-oetan Richard Blackburn
Nova (in primitive frou) Claudette Nevins

Seizoenen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

seizoen tal ôfl. rûn fan rûn oant netwurk
1 13 6 septimber 1975 29 novimber 1975 NBC

Untfangst en resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Return to the Planet of the Apes krige krityk fanwegen it minne produksje-ûntwerp. Tillefyzjekritisy wiene fan miening dat it oanhâldende recycljen fan eftergrûnen en it gebrek oan beweging de searje saai en traach makke. Ek de stimakteurs krigen krityk om't se harren dialooch bytiden emoasjeleas en monotoon ynsprutsen hawwe soene. Oan 'e oare kant stie Return to the Planet of the Apes ek bekend om 'e tige detaillearre eftergrûnen en personaazjes. Dat de eftergrûnen hieltyd werbrûkt wurde moasten en dat der net folle beweging yn 'e searje siet, waard net feroarsake troch gemaksucht of sloardigens, mar troch in te krap budget. De senario's wiene yntelligint, mei detaillearre ferhaallinen en in solide kontinuïteit.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.