RWS Noard-Nederlân

Ut Wikipedy
It kantoar fan Rykswettersteat Noard-Nederlân en de Tsjinst Lanlik Gebiet yn Ljouwert

RWS Noard-Nederlân is de regionale tsjinst fan Rykswettersteat foar de provinsjes Grinslân, Fryslân en Drinte.

It behearsgebiet omfiemet it haadwegennet yn dizze provinsjes, it wetter- en skipfeartferkear op de Waadsee (mei it Noard-Hollânske part) en it Iems-estuarium en it kustbehear op de Waadeilannen (mei Teksel). It behear fan it Drintske part fan de A32 wurdt útfierd troch RWS East-Nederlân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjinst ûntstie op 1 jannewaris 1994 út de fúzje fan de doetiidske regionale direksjes RWS Grinslân, RWS Fryslân en RWS Drinte. Oant 1 oktober 2004 waard praat oer de direksje Noard-Nederlân, dêrnei oer de tsjinst (fan 2013 ôf organisaasjeûnderdiel) Rykswaterstaat Noord-Nederland.