Protestantske tsjerke fan Skerpenseel

Ut Wikipedy
Protestantske tsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Weststellingwerf
plak Skerpenseel
adres Grindwei 139
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1788, útwreiding 1860, toer 1879
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 38865
offisjele webside
PKN Skerpenseel-Munnikebuorren

De Protestantske tsjerke fan Skerpenseel yn de gemeente Weststellingwerf is in tsjerke fan de PKN-gemeente Skerpenseel-Munnikebuorren. De tsjerke is in ryksmonumint.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oargel

De tsjerke fan Skerpenseel waard yn 1788 as in sealtsjerke boud. Yn 1860 folge in útwreiding mei in noardlik dwersskip. De toer datearret fan 1879. Yn de finsters binne fjouwer brânskildere ramen fan Ype Staak bewarre bleaun.

Yn de toer hinget in yn 1638 troch J. Noteman getten klok mei in diameter fan 66,5 sintimeter. It meganysk oerwurk yn de toer is yn 1913 makke troch J.V. de Vries út Droegeham.

Sûnt de foarming fan de PKN-gemeente Skerpenseel-Munnikebuorren meitsje de doarpen Skerpenseel, Spangea, Munnikebuorren en Nijetrine allinne noch gebrûk fan de tsjerke fan Skerpenseel. Foar it jild fan de ferkeap fan de tsjerke fan Munnikebuorren hat de gemeente de tsjerke fan Skerpenseel ferboud en renovearre.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de tsjerke is in oargel fan L. van Dam út Ljouwert oanwêzich. It oargel waard boud yn 1881.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: