Pontyske Griken

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Tradisjoneel Pontysk hús
Pontyske man yn tradisjonele klean

Mei Pontyske Griken wurde ornaris alle Griken oantsjutten út de Pontus en oare omkriten lâns de Swarte Seekust. Hja wenje benammen yn Grikelân, Georgje, Ruslân, Oekraïne (de Krim), Kazachstan en Turkije. Tradisjoneel sjoen sprekke sy Pontysk, in fariant fan it Gryksk. Wat religy oangiet binne de Pontyske Griken Gryksk-orthodoks kristlik of soennitysk islamitysk (fral dy't yn Turkije libje).

[bewurkje seksje] Skiednis

Under de Earste Wrâldkriich en de dêrop folgjende Turkse ûnôffhinklikheidsoarloch (dêr't de Gryksk-Turkse oarloch diel fan útmakket) kamen in protte Anatolyske Ponten om it libben.[1] Yn 1923 waarden de measte fan de oerlibjende Pontyske Griken nei Grikelân oerbrocht, as gefolch fan de befolkingsútwikseling tusken Turkije en Grikelân.


[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Fuotnoat:

  1. Library Journal Review of Not Even My Name by Thea Halo.

Keppeling om utens:

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen