Pier Boorsma

Ut Wikipedy
Pier Boorsma
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 15 maart 1944
berteplak Snits
wurk
taal Frysk, Nederlânsk
prizen Rely Jorritsmapriis
jierren aktyf 1969-no
offisjele webside
Boorsma yn de DBNL

Pier Boorsma (Snits, 15 maart 1944) is in Frysk dichter en skriuwer.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boorsma studearre filosofy oan de Universiteit fan Amsterdam. Yn 'e hjerst fan 1969 rjochte er mei ûnder oaren Pieter de Groot en Johan Frieswijk it fjouwer kear jiers ferskinende blêd "Sonde" op.

Yn 1989 fêstige Boomsma him yn Grins en studearre dêr Frysk oan de Ryksuniversiteit. Yn 1994 ferskynde de twatalige blomlêzing Spiegel van de Friese poëzie. Boorsma syn wurk docht bytiden wat oan Obe Postma tinken. Boorsma hat ek in skoft resinsint poëzij west foar it Frysk Deiblêd

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In kar:

Poëzij[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De neidagen fan in keamerhear (1972)
  • Under frjemde wetten (1978)
  • Net allinne genôch (2005)

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Spiegel van de Friese poëzie, (gearstaller, mei Teake Oppewal) (1994)

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rely Jorritsmapriis:

  • foar it fers Diaspora (1965)
  • foar it fers Lizzend op it strân (1976)
  • foar it fers Lêste simmer (1980)
  • foar it fers D'âld man (1981)
  • foar it fers Sels-portret (1983)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: