Pieter de Groot

Ut Wikipedy
Pieter de Groot

Pieter Jan de Groot (Ljouwert, 6 septimber 1946) is âld-redakteur by de Ljouwerter Krante. Hy is troud mei Johanneke Liemburg, âld boargemaster fan Littenseradiel.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de gemeentlike HBS oan Achter de Hoven gie De Groot yn 1964 nei Amsterdam. Hy studearre oan de Universiteit fan Amsterdam Politike en Sosjale Wittenskippen. De oplieding stie doe bekend as ‘de reade fakulteit’. Hy soe de stúdzje net ôfmeitsje. Hy organisearre mei Pier Boorsma, sy sieten doe yn it bestjoer fan de Fryske studinteferiening Cygnus Resurgens yn Amsterdam, it dichtersfestival yn De Harmonie (7 oktober 1967, ferneamd wurden troch de k.o. fan Vinkenoog troch Reve). It festijn betsjutte yndirekt it begjin fan It Skriuwersboun yn 1969 (Cygnus Resurgens betelle de Fryske dichters 25 gûne foar har optreden, de Nederlânske 150, om’t dat it taryf wie fan de VVL. De Fryske skriuwers hiene noch gjin fakbûn).

Yn 1969 waard it tydskrift Sonde oprjochte ûnder redaksje fan De Groot, Pier Boorsma, Johan Frieswijk en opmakker Sikke Doele, bedoeld om de Fryske Beweging yn beweging te krijen. Neidat er út Amsterdam weigie kaam er by de LC op de provinsjeredaksje en de Kultuerside. Wylst wie er ek dwaande mei it organisearjen fan literêre eveneminten as Poem Power, it earste lustrum fan Operaesje Fers yn (1973). Yn 1991 waard it songfestival Liet opsetten mei Gryt van Duinen en Rienk Terpstra. Yn 1992 sette er út ein mei de rubryk "Dwers" mei op oantrunen fan Freark Dam dy't in pear stikjes fan De Groot lêzen hie.

Letter krige Pieter de Groot by de Ljouwerter Krante de rubryk "Harje" dêr't hy de Fryske literêre wrâld yn opskrikt en de Ljouwerter betsjoerders kommintaar jout. Soks late faak ta striidskriuwerij. Yn de Freed-bylage skriuwt er de kollumn "Dwers" oer it Frysk en de Fryske kultuer. Hy wie sjuerylid foar de Gysbert Japicxpriis. Yn 2009 naam De Groot ôfskie fan syn wurk, mar gie wol troch mei skriuwen foar de LC.