Oosterkerk (Kollum)
Grifformearde tsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
plak | Kollum | |
koördinaten | 53° 16' N 6° 09' E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1923-1925 | |
arsjitekt | Egbert Reitsma | |
boustyl | Amsterdamske Skoalle | |
offisjele webside | ||
Protestanske gemeente Kollum |
De Eastertsjerke is de grifformearde tsjerke fan de "Protestanske gemeente Kollum" yn Kollum. De tsjerke waard yn ekspresjonistyske styl boud en is in ryksmonumint.
Gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grifformearde gemeente ûntstie oan it ein fan de 19e iuw. De dochter fan boargemaster Witteveen woe har ynskriuwe litte as lidmaat fan de tsjerke, mar hja wegere de tolve artikels fan de Apostolyske Geloofsbelidenis te ûnderskriuwen. Nei't dûmny Van Kasteel en de tsjerkeried de dochter net oerhelje koene om dat wol te dwaan, namen hja har net op as lidmaat fan de tsjerke. Witteveen brûkte ferfolgens syn ynfloed as boargemaster om it beslút fan de dûmny en tsjerkeried oan te fjochtsjen en sa kaam it ta in ûntsetting fan de dûmny en sels de tsjerke waard foar in skoftke sletten. Doe't op 7 july 1886 de nederdútsk-grifformearde gemeente yn Kollum stifte waard, gyng hast de hiele herfoarme gemeente mei oer.[1]
Kollum wie dêrmei de twadde dolearjende gemeente fan Fryslân en hearde by de fiif earste dolearjende gemeenten yn it lân.[2] Foar de nije gemeente waard ynearsten in houten needtsjerke boud.[3] Nei't der dúdlikens wie oer de ferdieling fan de besittings bouden de grifformearden in eigen grutte tsjerke.[4]
Op freed 16 maaie 2008 gyngen de Kollumer herfoarmen en grifformearden nei 116 jier skieding tegearre fierder as Protestanske gemeente Kollum. Sûnt dy tiid krigen de herfoarme tsjerke de namme Maartenskerk en de grifformearde tsjerke de namme Oosterkerk. Beide tsjerken bleaune iepen en alle sneinen wurde yn beide tsjerken tsjinsten holden. Dêrnjonken is der oan de Foarstrjitte 24 noch in tredde tsjerke dy't oansletten is by de Protestanske gemeente Kollum. Dy tsjerke mei de namme De Kandelaar wurdt brûkt troch de herfoarme gemeente op grifformearde grûnslach.[5][6]
Bouskiednis tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar de doleânsje wie der al in lytse ôfskieden gemeente en yn 1904 gyng de dolearjende gemeente fierder mei de kristlik-grifformearde gemeente as grifformearde gemeente. Yn 1924 krige de arsjitekt Egbert Reitsma de opdracht om in nije tsjerke foar de gemeente te bouwen. De boukosten bedroegen 23.000 gûne en de oannimmer soe der oan fallyt gean, mar der kaam in prachtich tsjerkegebou dat tsjintwurdich in ryksmonumint is. It wie Reitsma's earste grutte opdracht nei en nei de bou fan de Kollumer tsjerke folgen der fan deselde arsjitekt mear opfallende grifformearde tsjerken yn Weesp, Appingedam, Ljouwert en Andyk.
De yn 1923-1925 op in plan fan in Gryksk krús boude tsjerke waard alhiel boud neffens de oanwizings fan Abraham Kuyper foar de ideale grifformearde tsjerke plak, sa't dy se fêstlein hie yn Onze Eeredienst (1911). It is in echte grifformearde preektsjerke mei de preekstoel en it oargel sintraal en dêr de op oriïntearre banken en galerijen. Yn de toer, dêr't it jiertal fan de bou yn messing sifers fertikaal is oanbrocht, hinge nea in lûdklok en is ek gjin oerwurk oanbrocht.
Reitsma wreide yn 1969 de konsistoarje oan de noardeastlike kant fan de tsjerke sels út. Yn 1985 waard Pro Rege as tsjerklik sintrum oan de achterkant oanboud. Dit barde sadanich dat de eastlike gevel frij bleau.[7]
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Reitsma hat ek in grut stimpel drukt op it ûntwerp fan it ynterieur. De tsjerkebanken, de glês-yn-lead-ferljochting, de preekstoel, en it doopfont ûntstiene neffens syn tekeningen. De banken binne as in waaier groepearre om de preekstoel hinne. Boppe de preektstoel is it oargel oanbrocht. It plafond bestiet út twa inoar krusende paraboalyske tongewelven mei mitsele ribben. De fjilden fan de gewelven binne abstrakt beskildere, ek neffens it ûntwerp fan Reitsma.[8]
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel waard yn 1966 boud troch de firma Fonteijn & Gaal (Amsterdam en Rotterdam).
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Preekstoel en oargel
-
Oersicht
-
Oersicht
-
Lampe
-
dekoratyf mitselwurk opgong kreake.jpg
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|