Pelikaantsjerke

Ut Wikipedy
Pelikaantsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Ljouwert
adres Pelikaanstrjitte 10
koördinaten 53° 12' N 5° 47' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
arsjitekt Egbert Reitsma
boujier 1931-1932
Webside
Side fan de Pelikaangemeente
Kaart
Pelikaantsjerke (Ljouwert-Binnenstêd)
Pelikaantsjerke

De Pelikaantsjerke is de tsjerke fan de selsstannige protestantske gemeente "Rondom de Pelikaankerk" yn Ljouwert. De tsjerke waard foar de grifformearde gemeente fan de westlike wiken fan de stêd boud neffens in ûntwerp fan de Grinzer arsjitekt Egbert Reitsma (1892-1976) en heart sûnt de gearfoeging fan ferskate protestantske tsjerkegenoatskippen yn 2004 by de Protestantske Tsjerke yn Nederlân.

Yn 1931 waard de earste stien lein en op 19 july 1932 waard de tsjerke yn gebrûk nomd mei lêzingen en in oargelkonsert. De arsjitektuer wie fernijend, die rjocht oan de omjouwing en wie hielendal eigen, typearrings dy't fuortkomme út Reitsma's lidmaatskip oan de Grinzer keunstrûnte De Ploeg.

In driigjende sluting fan de tsjerke soarge foar in jierrenlang konflikt tusken de protestantske Tsjerke fan Ljouwert en de wykgemeente. Lang om let waard de striid wûn troch it ferset tsjin de sluting en bleau de Pelikaantsjerke foar de earetsjinst beholden. Yn septimber 2022 waard it 90-jierrich bestean fan de tsjerke fierd.

De striid foar it behâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2009 liet de Algemiene Tsjerkerie fan Ljouwert witte dat it fan doel wie fjouwer fan de sân PKN-tsjerken te sluten [1]. Dat soarge foar in soad opskuor ûnder de grifformearden yn Ljouwert. It stiek in soad minsken dat beide monumintale grifformearde tsjerken, sawol de Koepeltsjerke as de Pelikaantsjerke, sletten wurde moast om't it better passe soe yn in "financieel meerjarenperspectief"[2], wylst der oan de oare kant EUR 850.000 ynvestearre waard yn de ferbou fan de Iepen Hôftsjerke (tsjintwurdich De Fontein) oan de Gouden Reinstrjitte, in gebou út de jierren 1960 sûnder bysûndere arsjitektoanyske wearde. Boppedat soe troch útfiering fan it plan mei ien haal alle oarspronklik grifformearde tsjerken fan Ljouwert sletten wurde. Nei de útfiering fan dit foarnimmen soene de beide eardere herfoarme tsjerken, de Grutte Tsjerke en de Iepen Hôftsjerke, en de Sekakel yn Kammingabuorren, in moderne tsjerke út de jierren 1980, oerbliuwe en dêrmei soe der gjin sprake mear wêze fan in lykwichtige sprieding fan PKN-tsjerken oer de stêd.

Nettsjinsteande de protesten bleau de tsjerkerie fan betinken dat de Koepel- en Pelikaantsjerke ticht moasten. Fanút de gemeenten bleau it ferset lykwols ek oanduorjen. Op 14 oktober 2012 makke de protestantske Pelikaangemeente bekend dat it optearre foar in selsstannige posysje yn de protestantske Tsjerke yn Nederlân. Ut ûndersyk die bliken dat in grutte mearderheid fan de gemeenteleden it plan fan de wykgemeente stipe. Boppedat drige in grut part fan de gemeenteleden ôf te heakjen as it gebouwenbeslút fan de Algemiene Tsjerkeried al útfierd wurde soe.[3].

Behâld grifformeard erfgoed[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2011 waard de Stifting behâld grifformeard Erfguod oprjochte, mei as doel de beide grifformearde ryksmonuminten fan de stêd foar it neateam te bewarjen. Oan de tsjerkerie waard frege op hokker betingsten de beide tsjerken troch de stifting oankocht wurde koene[4]. De protestantske gemeente fan Ljouwert makke lykwols yn 2014 bekend de Koepeltsjerke te ferkeapjen oan in ûndernimmer [5], mar it slagge de stifting wol om de Pelikaantsjerke yn 2015 oan te keapjen. Sûnt is de Pelikaangemeente in selsstannige gemeente, dy't de tsjerke hiert fan de stifting. In restauraasje folge, dy't yn febrewaris 2017 feestlik ôfsletten waard.[6]

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel waard boud troch Valckx & Van Kouteren út Rotterdam en is noch gruttendiels yn de orizjinele steat fan 1932. It oargelfront is in ûntwerp fan de arsjitekt Reitsma. Tegearre mei de tsjerke falt it oargel ûnder de monumintale status.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: