North Vancouver (stêd)

Ut Wikipedy
North Vancouver (stêd)
Emblemen
            
Polityk
Lân Kanada
Provinsje Britsk-Kolumbia
Reg. distrikt Metro Vancouver
Sifers
Ynwennertal 52.898 (2016)
Oerflak 11,83 km²
Befolkingsticht. 4.471,5 / km²
Stêdekloft Vancouver
Hichte 80 m
Oar
Stifting 1862
Tiidsône UTC –8
Simmertiid UTC –7
Koördinaten 49°19′N 123°4′W
Offisjele webside
www.cnv.org
Kaart
North Vancouver (Britsk-Kolumbia)
North Vancouver
Lizzing yn Britsk-Kolumbia.

De stêd North Vancouver (offisjeel The Corporation of the City of North Vancouver) is in stêd en gemeente op it Legere Fêstelân, yn it súdwestlike diel fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia. It plak makket diel út fan 'e stêdekloft fan Vancouver en wurdt oan trije kanten omjûn troch de distriktgemeente North Vancouver, dêr't it net mei betize wurde moat. De stêd leit fierders oan 'e noardlike igge fan 'e Burrard-ynham, in fjord dy't djip yn it fêstelân fan Britsk-Kolumbia op snijt. North Vancouver is de lytste fan 'e trije gemeenten oan 'e noardkant fan 'e Burrard-ynham, mar ek de meast urbanisearre. De stêd hie yn 2016 krapoan 53.000 ynwenners. North Vancouver hat syn eigen brânwacht, mar op it mêd fan 'e plysje heart it ta de jurisdiksje fan 'e federale Royal Canadian Mounted Police.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd North Vancouver leit op in hichte fan 80 m boppe seenivo op it Legere Fêstelân, yn it súdwestlike diel fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia. De stêd makket diel út fan 'e stêdekloft fan Vancouver, mar wurdt fan 'e stêd Vancouver skaat troch de Burrard-ynham. Dat is in fjord dy't fan 'e Strjitte fan Georgia ôf yn eastlike rjochting djip yn it fêstelân fan Britsk-Kolumbia op snijt. De fjord rint oan 'e súdkant by North Vancouver lâns. Oan alle oare kanten wurdt de stêd omjûn troch it distrikt North Vancouver, dêr't er net mei betize wurde moat. Mei dat distrikt en de stêd West Vancouver, fierder nei it westen ta, foarmet de stêd North Vancouver in krite dy't bekendstiet as de North Shore ("Noardigge", ntl. fan 'e Burrard-ynham). De stêd North Vancouver hat in oerflak fan 11,83 km², en is folle tichter befolke as it distrikt mei deselde namme. Fan 'e trije gemeenten dy't de North Shore foarmje, hat it fierwei de measte heechbou.

De lizzing fan 'e stêd North Vancouver (read) yn 'e stêdekloft Vancouver en de Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarôfgeande oan 'e kolonisaasje fan 'e North Shore troch de blanken, waard it gebiet bewenne troch Yndianen, benammen troch de Skwamisj (Squamish) en de Tsleil-Wautût (Tsleil-Waututh). Dat binne etnyske groepen dy't hjoed de dei noch yn it gebiet wenje en dy't diel útmeitsje fan it gruttere ferbân fan 'e Kust-Salisjaanske folken. Yn 1862 ûntstie om 'e houtseagerij fan Sewell Moody hinne in delsetting dy't de namme Moodyville krige. Dat lei wêr't no de súdein fan Moody Avenue is, by Moodyville Park. Yn 'e 1880-er jierren die de yndustrieel Arthur Heywood-Lonsdale oansjenlike ynvestearrings yn it gebiet, en sadwaande binne ferskate saken yn 'e hjoeddeistige stêd North Vancouver, lykas de strjitte Lonsdale Avenue, nei de man ferneamd.

De befolking fan Moodyville woeks mar stadich oan, hoewol't al yn 1891 de distriktgemeente North Vancouver oprjochte waard, dêr't it grûngebiet fan 'e lettere stêd doe ek ta hearde. Likegoed hie by de folkstelling fan 1901 it hiele distrikt noch mar 365 ynwenners. Fan dy tiid ôf naam de ûntjouwing fan 'e North Shore lykwols in flugger tempo oan. De earste skoalle waard yn 1902 iepene, en it jiers dêrop waard der in gemeentehûs boud. De earste bank fêstige him der yn 1905, en yn 1906 waard der in iepenbier-ferfierssysteem fan elektryske trams ynsteld.

Yn 1905 begûnen de erven Lonsdale te krewearjen foar it losmeitsjen fan it mear ûntwikkele part fan 'e rest fan it grutte distrikt. Oer dat foarstel folge twa jier fan yngeande diskusje, wêrby't de hollen soms flink hjit waarden. Doe't úteinlik ta de oprjochting fan in aparte stêd besletten wie, ûntstie der ûnienichheid oer hoe't dy nije stêd dan hjitte moast. Utstellen as 'Northport', 'Hillmont' en 'Parkhill' hellen it net. 'Burrard' wie in hoartsje de favoryt, mar úteinlik waard besletten om gewoan de namme 'North Vancouver' oan te hâlden, sadat foar it lûken fan nije ynwenners en ynvestearders meilifte wurde koe op 'e nammebekendheid fan Vancouver. De stêd waard úteinlik yn 1907 oprjochte, mei as grûngebiet persiis alle lân dat yn eigendom wie fan 'e North Vancouver Land & Improvement Company en de erven Lonsdale, en gjin kante sintimeter mear as dat.

Neitiid groeide de befolking fan 'e stêd North Vancouver fluch, dêrby holpen troch de ynstelling fan in fearpont oer de Burrard-ynham. De stêd waard in plak dêr't in protte forinzen wennen, dy't oare kant it wetter, yn Vancouver, harren wurk hiene. Yn North Vancouver sels wie de skipswerf Wallace Shipyards de grutste wurkjouwer, mei de spoarweimaatskippij Pacific Great Eastern Railway as goede twadde. Dêrnjonken wiene oant fier yn it Ynterbellum ek noch de agraryske sektor en de houtyndustry fan belang.

Utsjoch oer de stêd North Vancouver út it noarden wei fan Upper Lonsdale Avenue ôf.
Lonsdale Avenue, yn 'e binnenstêd fan North Vancouver.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de Kanadeeske folkstelling fan 2016 hie de stêd North Vancouver doe in befolking fan 52.898 minsken, wat in taname wie fan 8,9% sûnt 2011, doe't der noch mar 48.196 ynwenners wiene. De hiele stêdekloft fan Vancouver telde yn 2011 goed 2,3 miljoen ynwenners. De befolkingstichtens yn 'e stêd North Vancouver bedroech yn 2016 4.471,5 minsken de km².

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking fan 'e stêd North Vancouver oangiet, dy wie yn 2016 sa: 65,2% blanken; 8,4% Westaziaten (benammen etnyske Perzen); 8,2% Eastaziaten; 7,1% Súdeastaziaten; 3,5% Súdaziaten; 3,2% Yndianen en Mety (Métis); 1,6% Latino's; 0,9% swarten; 0,4% Arabieren; 1,2% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Op taalkundich mêd waard fêststeld dat yn 'e stêd North Vancouver yn 2016 66,0% fan 'e befolking it Ingelsk as memmetaal spriek. De op ien nei grutste memmetaal yn it distrikt, mei 7,3%, wie it Perzysk. Dêrnei folgen it Tagalok/Filipynsk (3,6%), it Koreaansk (2,6%), it Spaansk (1,8%), it Dútsk (1,8%) en it Frânsk (1,5%). Fan 'e oarspronklike, Salisjaanske talen fan 'e stêd wurdt it Halkomelem, fan 'e Tsleil-Wautût en in grut tal oare lytse Kust-Salisjaanske folken, noch mar troch in pear hûndert minsken sprutsen, wylst it Skwamisj mei noch 7 sprekkers op stjerren nei dea is.

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd North Vancouver hat in seeklimaat, mei oangenaam waarme simmers en mylde winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis omtrint 23 °C, en yn desimber, de kâldste moanne, is dat omtrint 7 °C. It distrikt kriget jiers trochinoar 1.831 mm delslach, mei dêrûnder 1.806 mm rein en oer it hiele winterhealjier ferdield 24,9 sm snie. Der binne jiers trochinoar 173,5 dagen dat it reint, en 6,2 dagen dat it snijt.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.