North American P-51 Mustang

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
P-51 Mustangs fan de 375th Fighter Squadron, 361st Fighter Group, simmer 1944
Fabrikaazje fan de P-51 yn Downey, Kalifornje, 1944
It fisier yn de cockpit

De P-51 Mustang wie in Amerikaanske jachtfleanmasine út de Twadde Wrâldkriich, ûntwurpen troch North American Aviation. It tastel kaam medden yn de oarloch yn tsjinst as lange-ôfstân eskortejager en en die ek noch tsjinst yn it begjin fan de Koreaanske Oarloch.

Yn 1940 socht in Britske ynkeapkommisje flytich nei in oanfolling op de Curtiss P-40 Tomahawk. Sy rjochte har ta North American Aviation, dat yn foech 120 dagen in prototype boude. De earste Mustangs (Mustang Mk I/P-51/P-51A) krigen in Allison-motor, dêr't de prestaasjen fan, benammen op gruttere hichten, ôffoelen. Opdrachten folgen rillegau. Net allinne de RAF woe se hawwe; it Amerikaanske leger hie ek ferlet fan in nije ferkenningsfleanmasine dat ek tsjinst dwaan koe as jacht- en grûnoanfalsfleanmasine. De Mustang krige yn't earstoan in grûnoanfalstaak, as dûkbommesmiter. Wilens waard by de Mustangs yn Ingelân troch technisy fan Rolls- Royce in Rolls-Royce Merlin ynboud. Dy motor wie de ideale kombinaasje mei it laminêre wjukprofyl fan de Mustang sadat de prestaasjes fan it tastel bot tanamen. It tastel ferbrûkte yn fergeliking mei oare fleanmasines relatyf in bytsje brânstof en krige in enoarme tenkynhâld. Dit en oare fleankarakterisiken (benammen de bettere manûvrearberens, fergelike mei de P-47 Thunderbold en de P-38 Lightning) makke it tastel tige gaadlik as eskortejager. It waard ynset foar it eskortearjen fan grutte bommesmiters sa as de B-17 Flying Fortress boppe Dútslân en de B-29 Superfortress boppe Japan. Yn 1944 waard de P-51D útrisd mei 6 masinegewearen ynstee fan 4 wêrtroch't er in flinke fjoerkrêft hie.

By de Mustang is in saneamde 'laminar flow'-profyl tagepast. De grutste dikte fan it profyl leit fierder nei efteren op de koarden dan by de oant dan ta wenstige profilen; dit betsjut dat de luchstream it profyl langer folget en letter oergiet fan laminêr nei tubulint wat minder luchtwjerstân betsjut.

Luftwaffe-kommandant Hermann Göring wist op it stuit dat er Mustangs boppe Berlyn hearde dat de kriich rillegau dien wêze soe.

In Noard-Korea waard de Mustang F-82 ynset. Foar de oanfal op grûndoelen waard de F-82E in protte brûkt. As nachtjager waard yn Korea ûnder oaren de F82-F en -G ynset. Dit wie in út twa rompen besteande ferzje: de "Twin Mustang".

Yn guon Midden-Amerikaanske lannen hat de Mustang oant yn de jierren 70 tsjinne.

Nederlânske Mustangs[bewurkje seksje | edit source]

Nederlân krige nei de Twadde Wrâldkriich 40 P-51Ds. Dy waarden troch de Militêre Loftfeart fan it Keninklik Nederlânsk-Ynjesk Leger (fan it KNYL) brûkt by de twa 'Polysjonele Aksjes', Operaasje Produkt yn 1947 en Operaasje Kraai yn 1948. Nei it konflikt krige Yndoneezje in tal fan de ML-KNYL Mustangs.[1]

Farianten[bewurkje seksje | edit source]

De neikommende farianten fan de P-51 hawwe der west:[2]

  • N.A.73 Mustang I
  • N.A.83 Mustang I
  • N.A.91 Mustang IA/P-51
  • N.A.97 A-36 dûkbommewerper
  • N.A.99 P-51A
  • N.A.102 P-51B
  • N.A.103 P-51C
  • N.A.104 P-51B
  • N.A.105 XP-51F
  • N.A.106 P-51D prototype
  • N.A.109 P-51D produksjeferzje
  • N.A.110 P-51D foar Austraalje
  • N.A.111 P-51C/D/K
  • N.A.120 XP-82 prototypes
  • N.A.122 P-51D
  • N.A.123 P-82B
  • N.A.124 P-51D
  • N.A.126 P-51H
  • N.A.144 P-82E/F-82E, earste nei-oarlochske fariant
  • N.A.149 P-82F/F-82F nachtjager
  • N.A.150 P-82G/F-82G nachtjager
  • TRF-51D twapersoans treningsfleanmasine
  • TP-51D twapersoans treningsfleanmasine boud troch Temco Aircraft
  • Cavelier 2000 Mustang, sivyl saketastel
  • Cavelier Turbo Mustang III prototype
  • Piper Enforcer

Technyske feiten[bewurkje seksje | edit source]

P-51 Mustang edit1.jpg
P-51D Mustang
  • Rol: Jachtbommenwerper
  • Bemanning: 1
  • Earsteflecht: 26 oktober 1940, Feriene Steaten[3]
  • Lingte; 9,83 m
  • Spanwiidte: 11,28 m
  • Hichte: 4,17 m
  • Wjukoerflak: 21,83 m²
  • Leechgewicht: 3230 kg
  • Maksgewicht: 5262 kg
  • Motor: 1×Packard Merlin V-1650-7 floeistofkuolle supercharged V-12
  • Fermogen: 1186 hk
  • Topfaasje: 703 km/o
  • Klimfaasje: 16,3 m/o
  • Aksjeradius: 2092 km
  • Tsjinstplafond: 12.770 m
  • Masinegewearen: 6× 12,7 mm M2 Browning
  • Ophingpunten: 8
  • Bommen: 2× 225 kg
  • Raketten: 8× 127 mm raketten

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Vlucht door de tijd - 75 jaar Nederlandse luchtmacht - Kolonel A.P. de Jong - s. 135-140
  2. 1993. "De machtige Mustang P-51". Airplane, vol. 4, s. 102.
  3. Flight Journal Magazine in het Internet Archive