Nijfûnlânske beamotter
Nijfûnlânske beamotter | ||||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||||
| ||||||||||||||
ûndersoarte | ||||||||||||||
Martes americana atrata | ||||||||||||||
Bangs, 1897 | ||||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||||
De Nijfûnlânske beamotter (wittenskiplike namme: Martes americana atrata), is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae) en it skaai fan 'e marters (Martes), dat inkeld en allinne foarkomt op it Kanadeeske eilân Nijfûnlân. It is in genetysk ûnderskate ûndersoarte fan 'e Amerikaanske marter (Martes americana), dy't 7.000 jier lyn isolearre rekke is fan 'e haadpopulaasje. De Nijfûnlânske beamotter wurdt beskôge as in bedrige bistesoarte en hat al sûnt 1934 in beskerme status, hoewol't de populaasje noch altyd ôfnimt.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fersprieding fan 'e Nijfûnlânske beamotter is beheind ta it Kanadeeske eilân Nijfûnlân, dat it súdlike part fan 'e provinsje Nijfûnlân en Labrador foarmet. Op Nijfûnlân beslacht it areaal fan 'e Nijfûnlânske beamotter no sa'n 13.000 km², meast yn it westlike diel fan it eilân, benammen yn 'e krite fan Little Grand Lake.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Nijfûnlânske beamotter hat trochinoar in kop-romplingte fan 55–75 sm, mei in sturtlingte fan 27–37 sm en in gewicht fan trochinoar 0,8 kg foar wyfkes en 1,3 kg foar mantsjes. Dêrmei is er justjes grutter, mar neat swierder as de Amerikaanske marter fan it fêstelân fan Noard-Amearika. Nijfûnlânske beamotters hawwe in dûnkerbrune pels mei in giele oant oranje bef oer de kiel en it boarst.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Krekt as de Amerikaanske marter libbet de Nijfûnlânske beamotter yn wâldbiotopen, al is er dêrby minder sinnich as syn fêstelânske wjergader. Saakkundigen binne fan betinken dat de Nijfûnlânske beamotter it produkt is fan adaptaasje oan in krite mei in lege tichtheid fan proaidieren en in hege graad fan fragmintaasje fan it wâldlan. Hy komt foar yn sawol nullewâld as mingd wâld, mar jout dêrby de foarkar oan bosken dy't teminsten 60 jier âld binne, mei't yn jonge oanplant gjin holle beammen en oar dead hout foarkomme dat er brûke kin as skûlplak.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nijfûnlânske beamotters hawwe in territoarium dat foar de mantsjes trochinoar 29,5 km² bedraacht en foar de wyfkes yn trochsneed 15,2 km². Dat is in stik grutter as de territoaria dy't de measte Amerikaanske marters op it fêstelân ûnderhâlde. De redens foar dat ferskil binne de gruttere lichemsgrutte fan 'e Nijfûnlânske beamotter en de legere tichtheid fan proaidieren op Nijfûnlân. De territoaria fan mantsjes en wyfkes en ek fan wyfkes ûnderling kinne inoar oerlaapje, mar dy fan mantsjes ûnderling dogge dat net. De territoaria wurde ôfset mei geurflaggen dy't oanbrocht wurde mei de anaalklieren sawol as troch te urinearjen.
De peartiid fynt by de Nijfûnlânske beamotter plak tusken begjin juny en begjin augustus. Under dy perioade bestiet der mear kontakt tusken de ornaris solitêr libjende mantsjes en wyfkes, mar toane de wyfkes ûnderling folle mear agresje foarinoar. De wyfkes lykje it foartou te nimmen ta de eigentlike pearing, wêrfan't sy de tiid en de doer bepale. Trochdat de Nijfûnlânske beamotter in ferlingde draachtiid ken, wurdt de ymplantaasje fan it embryo opkeard oant de ein fan 'e winter, wêrnei't de wiere draachtiid likernôch in moanne duorret.
Yn dy tiid makket it wyfke in hoale om yn te befallen, faak yn holle beammen, ûnder beamwoartels, beamstobben of rotsen. Dêrnei smyt se om begjin april hinne in nêst fan 1–5 bline en keale jongen, dy't mei likernôch 42 dagen ôfwûn wurde en har mei 50 dagen foar it earst út 'e hoale weagje. Oan 'e ein fan 'e simmer ferlitte de healwoeksen jongen de mem, mar se binne pas mei 15 moannen geslachtsryp.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Nijfûnlânske beamotter is in omnivoar, en fret benammen lytse sûchdieren, mar ek fûgels, ies, ynsekten en fruchten. It grutste part fan it dieet bestiet út trije sûchdieresoarten: de greidwrotmûs (Microtus pennsylvanicus), de Amerikaanske maskerpipermûs (Sorex cinereus) en de Amerikaanske hazze (Lepus americanus). Dêrby meitsje greidwrotmûzen simmerdeis it grutste part fan it menu út, en Amerikaanske hazzen winterdeis. It iten fan ynsekten en fruchten is beheind ta it simmerhealjier.
Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste natuerlike fijân fan 'e Nijfûnlânske beamotter is de foks (Vulpes vulpes), mei't gruttere rôfdieren (lykas lynksen, wolven en bearen) op Nijfûnlân net foarkomme.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fanwegen de ûnregulearre roaiïng fan 'e Nijfûnlânske bosken yn 'e tweintichste iuw is it wâldgebiet op it eilân no fragmintearre en foar in grut part jonger as 60 jier, wat de gaadlikens fan sok wâldlân foar de Nijfûnlânske beamotter beheind makket. Sûnt de njoggentjinde iuw is de populaasje fan 'e Nijfûnlânske beamotter sadwaande sterk efterút gien. Yn 1934 krige it bist foar it earst in beskerme status.
Yn 1986 waard de totale populaasje fan 'e Nijfûnlânske beamotter rûsd op 630 oant 875 eksimplaren. It Komitee oangeande de Status fan Bedrige Fauna yn Kanada (COSEWIC) joech de Nijfûnlânske beamotter dêrom dat jiers de status fan bedrige bistesoarte. Nettsjinsteande dat wie de populaasje yn 1995 tebekrûn oant likernôch 300 eksimplaren, wat ûnder biologen soarch oer de mooglikheid fan yntylt oprôp. Yn 2007 waard skatten dat der 286 oant 556 folwoeksen Nijfûnlânske beamotters wiene, ferdield oer fiif subpopulaasjes dy't troch de fersnipeling fan 'e Nijfûnlânske wâlden gjin kontakt mei-inoar hiene. It fokken fan Nijfûnlânske beamotters yn finzenskip keallet tige dreech yn ferbân mei de aparte fuortplantingssyklus. Dochs waarden der yn 1999 fjouwer yn finzenskip berne eksimplaren útset yn it Nasjonaal Park Terra Nova.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |