Natalie Raitano

Ut Wikipedy
Natalie Raitano
akteur
Raitano (rj.) mei regisseur Blake Calhoun yn 2009.
Raitano (rj.) mei regisseur Blake Calhoun yn 2009.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Natalie Raitano
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 3 oktober 1966
berteplak Charleroi (Pennsylvania)
etnisiteit Italjaansk
jierren aktyf 1998 – no
offisjele webside
Natalie Raitano op Twitter

Natalie Raitano (Charleroi (Pennsylvania), 3 oktober 1966) is in Amerikaansk aktrise fan etnysk Italjaansk komôf. Hja is benammen bekend wurden mei har rol as Nikki Franco yn 'e tillefyzjesearje V.I.P.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Raitano waard yn 1966 berne yn Charleroi, dat in foarstêd fan Pittsburgh is, yn it westen fan 'e Amerikaanske steat Pennsylvania. Hja is fan etnysk Italjaansk komôf, en folge de middelbere skoalle oan 'e Monongahela Valley Catholic High School yn Monongahela (Pennsylvania).

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Raitano wurke jierrenlang as in aerobicsynstruktrise en wie teffens presintatrise fan it tillefyzjeprogramma Hip Hop Body Shop, dat útstjoerd waard op 'e Amerikaanske stjoerder ESPN2. Fierders song se ek in skoft yn in fammegroep mei de namme Breeze.

Yn 1998 waard Raitano bekend troch har fertolking fan 'e rol 'e profesjonele liifwacht Nikki Franco, yn 'e aksjekomeedzjesearje V.I.P. Dêryn hie se as tsjinspylsters Pamela Anderson en Molly Culver. V.I.P. rûn fjouwer seizoenen oant it yn 2002 stopset waard. It súkses dat se mei dy searje behelle, koe Raitano neitiid nea wer belykje.

Yn 2000 hie Raitano in weromkearende rol yn fjouwer ôfleverings fan 'e searje Martial Law. Yn 2007 en 2008 fertolke se de rol fan Nate yn fjirtjin ôfleverings fan 'e searje Pink, fan regisseur Blake Calhoun, dy't yn premiêre gie op sawol MySpace as YouTube. Fierders hie se troch de jierren hinne gastrollen yn ferskate oare searjes, wêrûnder The Benvenuti Family en The Insider. Ek spile se yn 'e tillefyzjefilm Polly and Marie.

Op it wite doek wie Raitano ûnder mear te sjen yn 'e koarte film Truth Be Told, út 2006, en de spylfilms Killing Down, út 2006, en Jada, út 2008. Fierders presintearre se yn 2006 in komyske podcast en webside mei as titel Famous Shit Stories. Njonken har aktearwurk is Raitano ek in fitnessynstruktrise yn 'e sportskoalle Barry's Bootcamp, yn New York.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Raitano References, op dizze side.