Nacht is in gedicht fan 'e hân fan 'e Fryske skriuwer en dichter Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869). It waard foar it earst publisearre yn 1829, as ûnderdiel fan 'e ferhale- en dichtbondel De Lapekoer fan Gabe Skroar, dy't letter, yn 1871, mei it oare wurk fan 'e bruorren Halbertsma útgroeie soe ta de ferneamde samling Rimen en Teltsjes. Nacht is in koart gedicht wêryn't Halbertsma in byldzjende beskriuwing jout fan 'e leafde tusken in feint en syn faam.
- Nacht
- Stjerren blinke, wyntsjes swije,
- En natoer leit yn 'e slom
- 't Is de stillen nacht fan 't frijen
- Kom, myn leave famke, kom!
- Lit ús hân oan hân hjit sitte,
- Foar nin loerjende eagen bang
- Lit ús wrâlds fertriet ferjitte.
- Leafde wit hjir fan nin twang
|
|
- Djippe stilte is om ús hinne,
- En it fjild leit yn de dau;
- 'k Hear it flústerjen allinne,
- „Ivich, ivich, leafde en trou!”
- Ingels yn dit hillich tsjuster
- Flodderwjokje om ús ta;
- Sizze fan ús lok ferwondere:
- „Wêr is 't yn de himel sa?”
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
- Halbertsma, bruorren, Rimen en Teltsjes, Boalsert/Ljouwert, 1958 (A.J. Osinga Utjouwerij/R. van der Velde), sûnder ISBN, s. 89.
- Halbertsma, bruorren, Rimen en Teltsjes, Drachten, 1993 (A.J. Osinga Utjouwerij), ISBN 9 06 06 64 892, s. 87.
|