Mohawk (rivier yn New York)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Rin fan Mohawk en Hudson yn New York

De rivier Mohawk is in rivier yn it noardeasten fan de Feriene Steaten fan Amearika yn de steat New York. De rivier is ferneamd nei de yndiaanske Mohawk naasje.

De rivier hat in lingte fan 230 km, is de grutste wettertafierder foar de Hudson en in wetterwei fan belang yn noard-sintraal New York.

De rivier ûntspringt yn de county Lewis, yn de steat New York en streamt troch de Mohawk-delling en docht de stêden Rome, Utica, Amsterdam en Schenectady oan foardat sy by Albany oer giet yn de Hudson.

De rivier en it Eriekanaal, ferbynt de rivier de Hudson en de haven fan New York mei de Grutte Marren ûnder Buffalo, New York.[1] De ûnderrin fan de Mohawk hat fiif fêste damen, njoggen beweegbere damen en fiif elektrisiteitssintrales.[2]

De Cohoes-wetterfal yn de Mohawk yn Cohoes, New York

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "The New York State Canal System" Carmella R. Mantello, Yn: Proceedings from the 2009 Mohawk Watershed Symposium, Union College, 27 maart 2009
  2. "Lower Mohawk River Fisheries" Norman McBride, In: Proceedings from the 2009 Mohawk Watershed Symposium, Union College, 27 maart 2009