Megan Fox

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Megan Fox (2010)
Megan Fox yn Parys (2009)
Fox (2007)

Megan Denise Fox (16 maaie 1986 yn Rockwood, Tennessee) is in Amerikaanske aktrise, fotomodel em sekssymboal.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Megan Fox har foarâlden kamen fan Ierlân, fan Frankryk en guon wiene Noard-Amerikaanske yndianen.[1] Megan en har tolve jier âldere suster waarden grut yn wat earmoedige omstannichheden. Har mem en styfheit fûn se tige strang.[2] Mei fiif jier krige hja al toaniel- en dûnsles en mei sân jier bedarre se yn Florida dêr't se har skoalle ôfmakke. Yn 1999 die hja mei oan ferskillende talintejachten, ûnder oaren oan de American Modeling and Talent Convention yn Hilton Head Island (Súd Karolina).

Fox makke har filmdebút yn 2001 yn Holliday in the Sun. Rillegau folgen rollen yn Sitcoms sa as Two and a Half Men en Hallo Holly. Yn de film Confession of a Teenage Drama Queen (2004) is se neist Lindsay Lohan te sjen. By it grutte publyk waard hja earst bekend mei de film Transformers (2007). Dêryn spilet se de freondinne fan Shia LaBeouf. Foar dy rol moast hja earst fiif kilo oankomme.[3] Yn 2008 krige hja in rol yn New York foar begjinners neist Jeff Bridges en Kirsten Dunst.[4]

Fox waard ek neamd as opfolchster fan Angelina Jolie as Lara Croft yn de Tomb Raider-filmrige;[5] mar har publisteitsman hat dat tsjinsprutsen.[6] Har lêste rol wie dy yn de horror-komedy Jennifer’s Body, dy't yn septimber 2009 útbrocht is.

Fox sil ek meidwaan oan in koartswillige film fan Jonah Hex. Dat moat in Western wurde en hja spilet dan neist Josh Brolin dy't de haadrol krije sil, en John Malkovich. De film sil yn 2010 ferskine is de hjitting[7][8][9]

Sûnt 2004 hat Fox in ferhâlding mei de akteur Brian Austin Green, bekend fan de televyzjerige Beverly Hills, 90210 en de spylfilm Terminator: The Sarah Connor Chronicles.

Tatoeaazjes[bewurkje seksje | edit source]

Fox hat acht tatoeaazjes, foar bekend,,[10] op de heup ien mei de namme fan har eks-ferloofde "Brian" en in ôfbyld fan Marilyn Monroe's gesicht op de rjochter ûnderearm.[11] In oare sit op har rjochterskouder: We will all laugh at gilded butterflies, in rigel út William Shakespeare's stik King Lear, in yin en yang tatoeaazje op de lofter pols, in gedichtsje op de lofter side fan de ribbekast dat seit there once was a little girl who never knew love until a boy broke her HEART, en in Sineesk wurd foar 'krêft' yn de nekke.[12] Fox hat fierder noch in opkommende moanne oer in Davidstjer flak boppe de rjochter ankel.[13] Dat is har iennichste bekende kleurde tatoeaazje.[14]

Filmografy[bewurkje seksje | edit source]

Films[bewurkje seksje | edit source]

  • 2001: Holiday in the Sun
  • 2003: Bad Boys 2 (lytse rol)
  • 2004: Confessions of a Teenage Drama Queen
  • 2004: Crimes of Fashion
  • 2007: Transformers
  • 2008: Whore
  • 2008: How to Lose Friends & Alienate People
  • 2009: Transformers: Revenge of the Fallen
  • 2009: Jennifer’s Body
  • 2010: Jonah Hex
  • 2010: Passion Play
  • 2011: Friends with Kids
  • 2012: The Dictator

Rigen[bewurkje seksje | edit source]

  • 2002–2003: Ocean Ave. (haadrol)
  • 2003: What I like about you (1 ôflevering)
  • 2004: Two and a Half Men (1 ôflevering)
  • 2004: The Help (3 ôfleverings)
  • 2004–2006: Hope & Faith (út en troch in rol)

Muzykfideos[bewurkje seksje | edit source]

  • 2010: Eminem feat. Rihanna – Love the Way You Lie

Prizen[bewurkje seksje | edit source]

Fox yn oktober 2007, mei twa sichtbere tatoeaazjes.
  • 2005: Young Artist Award (Nominaasje)
  • 2007: Teen Choice Award (trije nominaasjes)
  • 2007: Scream Award – Sci-Fi Siren foar Transformers
  • 2008: FHM Sexiest Women in the World 2008 1e plak

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. sirius.com: Sirius/Page&c=BackStageAsset&cid=1181270896791 Ynterview: Audio Clip
  2. news.com.au: Fox Flying High, 24 juny 2007
  3. nydailynews.com: Megan Fox Ordered to Gain Weight for “Transformers 2”, 17 july 2008
  4. The Hollywood Reporter: Fox Making „Friends“ for Weide Pic, 29 juny 2007
  5. Der Tagesspiegel: Angelina Jolie nicht mehr als Lara Croft im Kino, 30 jannewaris 2009
  6. fan-lexikon.de: Megan Fox wird nicht Lara Croft, 29 jannewaris 2009
  7. Filmpriuwke: Sexy Megan Fox yn Western „Jonah Hex“
  8. http://www.imdb.com/title/tt1075747/
  9. http://www.filmstarts.de/kritiken/100062-Jonah-Hex.html
  10. [http://www.collider.com/entertainment/article.asp/aid/4666/cid/13/tcid/1 Shia LaBeouf en Megan Fox ynterviewd – TRANSFORMERS Collider.com 2007-06-18, rieplachte 2009-06-12
  11. [http://www.life.com/image/79891107/in-gallery/22534/art-inspired-by-marilyn-monroe Megan Fox har Marilyn Monroe Tatoeaazje - Ynspirearre troch Marilyn Monroe LIFE /2007-08-25/2009-06-12
  12. |Megan Fox Tattoos |Meganfoxbuzz.com |2009-06-28
  13. Megan Fox har Tatoeaazjes yn LIFE 2007-06-01, rieplachte 2009-08-3
  14. News.com.au 2007-06-23/2008-04-25