Marina Visconti

Ut Wikipedy
Marina Visconti
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Marina V., Marina, Sheila,
Marina Viskonti, Vika B.
echte namme ?
nasjonaliteit Russysk
berne 30 maart 1995
berteplak Moskou (Ruslân)
etnisiteit Russysk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2013 – no
offisjele webside
gjint

Marina Visconti, echte namme ûnbekend (Moskou, 30 maart 1995), is in Russysk neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Marina, Sheila, Marina V., en Vika B., wylst har úteinlike skûlnamme ek wol misstavere wurdt as Marina Viskonti.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Visconti waard yn 1995 berne yn 'e Russyske haadstêd Moskou, dêr't se ek opgroeide. Hja waard yn 2013 ûntdutsen troch de Frânske pornoregisseur en -produsint Pierre Woodman, dy't har caste yn ferskate pornografyske films fan syn eigen studio, Woodman Entertainment, en fan it Sweedske Private-label.

Yn 2014 stiek Visconti de Atlantyske Oseaan oer, en begûn se oan in karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry, dêr't se al rillegau in beskate populariteit krige. Dat hie se grutdiels te tankjen oan har natuerlike grutte boarsten, mei kupmaat 34DD. Oare lichemsskaaimerken fan harres binne brún hier, blauwe eagen, in lingte fan 1.60 m, en in gewicht fan 58 kg.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat Visconti sûnt har debút yn 2013 yn likernôch 40 ûnderskate films spile. Dêrby hat hja yn Amearika wurke foar sokke foaroansteande labels as Evil Angel, Pure Play Media, Jules Jordan Video en Digital Sin. Ek hat Visconti in protte wurke foar pornosites op it ynternet, wêrûnder Reality Kings en Brazzers.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: