Marilyn Manson (sjonger)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Marilyn Manson by it Ynternasjonale Filmfestival fan Cannes, 2006
Marilyn Manson live, 2009

Marilyn Manson, pseudonym en alter ego fan Brian Hugh Warner (Canton, Ohio, 5 jannewaris 1969) is in Amerikaansk sjonger, songwriter, akteur en keunstskilder. Hy is de haadsjonger fan de band mei deselde namme (Marilyn Manson) en faaks it meast ferneamd fan syn lieten en albums dy't útbrocht waarden yn de 90-er jierren, lykas Antichrist Superstar (1996) en Mechanical Animals (1998), dy't him de namme fan kontroversjeel persoan besoargen mei in negative ynfloed op de jongerein. Manson hat nominearre west foar fjouwer Grammy Awards.
De artystenamme Marilyn Manson is gearstald út de nammen Marilyn Monroe en Charles Manson.

Hy gie doe't er 18 wie oer nei Fort Lauderdale (Florida), dêr't er as muzyksjoernalist oan't wurk gie. Troch dy baan krige er kunde oan Trent Reznor, de sjonger fan Nine Inch Nails, dy't him letter noch helpe soe. Yn 1989 rekke Manson befreone mei gitarist en ferskoveling fan de mienskip Scott Mitchell; sy besletten ta it oprjochtsjen fan band, "Marilyn Manson and the Spooky Kids", wat letter gewoan "Marilyn Manson" waard.

Manson hat in lange relaasje hân mei aktrise Rose McGowan en wie ien jier boaske oan it neakenmodel Dita Von Teese, dy't ein 2006 in fersyk ta skieden yntsjinne. Ek syn ferkearing mei aktrise Evan Rachel Wood rûn yn 2010 op'e non. Manson is dwaande mei in earste film dêr't ersels it skript foar skreaun hat en dy't er sels regissearje sil: Phantasmagoria: The Visions of Lewis Carroll.

Filmografy[bewurkje seksje | edit source]

Boeken[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Marilyn Manson - Ancient Text: Celebrity Ghost Stories Full Episodes and Videos; Biography.com,