Maria van Riebeeck

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Maria de la Quellerie
Stânbyld in Kaapstêd

Maria de la Quellerie, ek wol Maria van Riebeeck, (Rotterdam, 28 oktober 1629Malakka, 2 novimber 1664) wie in Nederlânske frou, se wie troud mei Jan van Riebeeck.

Libbensrin[bewurkje seksje | edit source]

Maria de la Quellerie wie in dochter fan Abraham Quevellerius (de la Quellerie, 1589-1630), preker fan Rotterdam. Har heit kaam al gau nei har berte te ferstjerren. De húshâlding ferhuze doe nei Leien. Noch letter ferfarde de húshâlding nei Skiedam. Hjir kaam se yn de kunde mei Jan van Riebeeck en op 28 maart 1649 troude it span. Jan van Riebeeck wie doe 29 jier, Maria wie 19 jier doe’t sy troude.

Se kamen te wenjen yn Rotterdam, dêr’t doe likernôch 26.000 minsken wennen. Letter hawwe se ek noch yn Amsterdam wenne, nei alle gedachten oan de Eglantiersgracht 98, it hûs mei it byld fan de Barmhertige Samaritaan. Marie en Jan van Riebeeck krigen acht bern, wêrfan de measten op jonge leeftyd ferstoarnen.

Yn 1651 krige Jan van Riebeeck fan de Feriene Eastyndyske Kompanjy de opdracht om in ferfarskingsstasjon by Kaap de Goeie Hope te stiftsjen. Ein desimber fan dat jier gie it gesin dy kant op. Yn 1652 kamen hja dêr oan en waard begûn mei de bou fan it stasjon. Maria wie ien fan de earste Hugenoaten dy’t har yn Súd-Afrika sette.

Utsein har stipe foar har man is der net in soad bekend oer Maria de la Quellerie. Yn in brief út 1661 beskreau de Frânske biskop Nicolas Etienne har as in tige godstsjinstich (protestantsk) en skrander.

Yn 1662 stoppe Jan van Riebeeck as kommandeur fan de Kaapkoloanje. Mei harren trije jongste dochters ferfarde it gesin nei Batavia, inkele moannen letter gienen se nei Malakka. Yn Malakka kaam Maria op 2 novimber 1664 te ferstjerren, dat barde inkele dagen nei in te betide befalling fan in soan, ek hy hat it net helle.

De Súd-Afrikaanske ûnderseër de SAS Maria van Riebeeck is nei har neamd. Op it plein tusken de Herengracht en Adderley Street yn Kaapstêd stiet in stânbyld fan Maria, foar it byld fan har man Jan van Riebeeck oer. It byld is troch de Nederlânske steat yn 1952 by de betinking fan de oankomst fan Jan van Riebeeck op Kaap de Goeie Hope skonken.

Komôf en bern[bewurkje seksje | edit source]

De âlden fan Maria de la Quellerie wienen Abraham de la Quellerie (1589-1630) en Maria du Bois (1593-?). Abraham wie lykas syn heit (berne yn 1543) in Waalsk preker. In dochter fan Maria de la Quellerie en Jan van Riebeeck wie Anthonia van Riebeeck (berne op Malakka op 6 novimber 1663) dy’t yn 1678 yn Batavia boaske mei de pleatslike preker Melchior Leydecker. Nei him is de earste folsleine oersetting fan de Bibel yn it Maleisks neamd, de Leydecker-oersetting.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: