Mae West

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Mae West yn I'm No Angel
"Diamond Lil" werom nei New York út Hollywood, 1933
Mae West (Hollywood 1933)
Cary Grant en Mae West yn I'm No Angel (1933)

Mary Jane (Mae) West (17 augustus 1893, Brooklyn, New York City - 22 novimber 1980, Hollywood, Kalifornje) wie in Amerikaansk aktrise, senarioskriuwster, toanielskriuwster en sekssymboal, dy't yn de jierren 30 mei har suggestive, seksueel-tinte dialogen tige populêr waard, mar ek in soad kontroverze feroarsake. Dy dialogen wienen faak op de grins fan wat de sensuer noch tastean koe. West skreau al har teksten sels. Guon fan har útspraken wurde noch regelmjittich oanhelle, lykas: Come up an' see me some time en Is that a gun in your pocket, or are you just glad to see me?.

West har populêrens wie yn de tritiger jierren op it hichtepunt. Yn 1935 wie hja de bêst betelle froulike artyste yn de Feriene Steaten.

Fan 1933 ôf krige West it hieltiid mear swierrichheden om't de sensuer stranger waard. Ek religieuze organisaasjes protestearren tsjin West's films en ein jierren 30 waard hja in skoft fan de radio ferballe. Films as Klondike Annie en Go West Young Man (beide út 1936) wiene lykwols noch skerp fan tekst en populêr nettsjinsteande de oanheljende sensuer.

Yn 1940 spile hja tegearre mei W.C. Fields yn de súksesfolle film My Little Chickadee. It wie bekend dat de twa stjerren it net meiinoar fine koene. Nei The Heat's On út 1943 stoppe sy mei films en gie se de nachtklubs en it teater yn, dêr't de sensuer minder ynfloed hie en hja mear artistyke frijheid hie. Hja joech foarstellings yn ûnder oaren Ingelân en Las Vegas. By har shows yn Las Vegas hie West bodybuilders om har hinne en song se ek. De show wie tige súksesfol en waard jierrenlang fuortset.

Yn 1959 skreau hja har autobiografy Goodness Had Nothing To Do With It. Yn de santiger jierren ferskynde hja noch yn twa films, Myra Breckinridge yn 1970 en Sextette ym 1978. Yn 1980 stoar Mae West nei in stikmannich beroerten mei 87 jier yn Hollywood. Se waard begroeven yn New York.

Mae West hat ien kear troud west, mei Frank Wallace fan 11 april 1911 oant 21 july 1942. Hja hat dat nea tajaan wollen en se hawwe nea ûnder ien dak wenne.

Filmografy[bewurkje seksje | edit source]

Jier Film Rol Oantekenings
1932 Night After Night Maudie Triplett
1933 She Done Him Wrong Lady Lou
I'm No Angel Tira
Hollywood on Parade No. A-9 Harsels Koart ûnderwerp
Hollywood on Parade No. B-5 Harsels Koart ûnderwerp
1934 Belle of the Nineties Ruby Carter
1935 Goin' To Town Cleo Borden
The Fashion Side of Hollywood Harsels Koart ûnderwerp
1936 Klondike Annie The Frisco Doll/Rose Carlton/Suster Annie Alden
Go West, Young Man Mavis Arden
1937 Every Day's a Holiday Peaches O'Day
1940 My Little Chickadee Flower Belle Lee
1943 The Heat's On Fay Lawrence
1970 Myra Breckinridge Leticia Van Allen
1978 Sextette Marlo Manners/Lady Barrington

Op Broadway[bewurkje seksje | edit source]

Datum Produksje Rol Oantekenings
septimber 22-30, 1911 A La Broadway Maggie O'Hara
novimber 20, 1911-febrewaris 24, 1912 Vera Violetta West ferliet de show by foarbeskôging
april 11-septimber 7, 1912 A Winsome Widow Le Petite Daffy West ferliet de show fuort nei't er iepene wie
pktober 4, 1918-Juny 1919 Sometime
augustus 17-septimber 10, 1921 The Mimic World of 1921
april 26, 1926-maart 1927 Sex Margie LaMont Skreaun troch Jane Mast (West)
jannewaris 1927 The Drag
novimber 1927 The Wicked Age Evelyn ("Babe") Carson
april 9-septimber 1928 Diamond Lil Diamond Lil
oktober 1-2, 1928 The Pleasure Man allinnich skriuwer
septimber 14 - novimber 1931 The Constant Sinner Babe Gordon
augustus 2, 1944-jannewaris 13, 1945 Catherine Was Great Catherine II
1945-1946 Come On Up Toer
septimber 1947 - maaie 1948 Diamond Lil Diamond Lil Feriene Keninkryk en Skotlân
febrewaris 5-26, 1949
septimber 7, 1949-jannewaris 21, 1950
Diamond Lil Diamond Lil oant West letter har ankel bruts.
septimber 14 - novimber 10, 1951 Diamond Lil Diamond Lil
july 7, 1961 - lêste kear net wis Sextette Edgewater Beach Playhouse

Oare spullen as skriuwer[bewurkje seksje | edit source]

Jier Rol Oantekenings
1921 The Ruby Ring Vaudeville playlet
1922 The Hussy Net makke
1930 Frisco Kate Net makke
1933 Loose Women Utfierd yn 1935 mei as titel Ladies By Request
1936 Clean Beds Hja ferkoft de bewurking oan George S. George, dy't produsint wie
in net slagge bewurking.

Trivia[bewurkje seksje | edit source]

  • Alliearde soldaten neamden harren rêdingfesten, yn de Twadde Wrâldkriich, "Mae Wests", faaks om't it fest tinken die oan de grutte boarsten fan dizze aktrise.
  • It keunstwurk 'De lippen fan Mae West' fan Salvador Dali hat har wierskynlik noch ferneamder makke as dat hja al wie. It is in rôze siden bank yn de foarm fan in gleone mûle.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]