Ludovico Ariosto
Ludovico Ariosto (Reggio Emilia, 8 septimber 1474 – Ferrara, 6 july 1533) wie in Italjaansk poëet, toanielskriuwer en hofling oan it hartochlik hof fan Ferrara. Syn epos 'Orlando Furioso' út 1516 wurdt beskôge as ien fan de hichtepunten út de literatuer fan de Italjaanske renêssânse.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ariosto waard berne yn Reggio Emilia, wêr't syn heit, Niccolò Ariosto, kommandant fan de sitadel wie. Hy wie de âldste fan tsien bern en waard sjoen as takomstich patriarch fan syn famylje. Fan berns ôf ynteressearre Ludovico him foar poëzy, mar hy moast fan syn heit rjochten studearje. Nei fiif jier rjochtenstúdzje mocht er dochs klassike literatuer studearje by Gregorio da Spoleto. Ariosto's stúdzje fan de Grykske en Latynske literatuer waard lykwols ôfbrutsen, mei't Spoleto nei Frankryk ferhuze om dêr de ûnderwizer fan Francesco Sforza te wurden. Net lang dêrnei ferstoar Ariosto's heit, wêrtroch't Ludovico Ariosto dwongen waard syn literêr wurk oan 'e kant te skowen en te soargjen foar syn famylje. Dochs slagge hy deryn in stik as wat prozakomeedzjes en lyryske stikken te skriuwen. Inkelde dêrfan foelen op by kardinaal Ippolito d'Este. De jonge poëet geniete no fan syn patronaazje en krige in plakje yn de húshâlding fan de kardinaal. d'Este jûch Ariosto lykwols net al te bêste beleannings foar syn ynspannings en Ariosto sei letter dat hy de tiid dy't hy by de kardinaal sliten hie betreure. De kardinaal gong yn 1518 nei Hongarije en winske dat Ariosto meigean soe. De poëet kaam der ûnderút troch te sizzen dat syn sûnens minder waard, dat er it net oan tiid hie fanwege syn stúdzje, en dat er syn mem fersoargje moast. Ariosto en d'Este rekken dêrtroch yn in ûnhuere diskusje, en ynienen waard Ariosto ûntslein.
Ariosto moast no op 'e siik om in oare patroan, en dat waard de broer fan de kardinaal, Alfonso, hartoch fan Ferrara. Ariosto wie ûnderwilens al ûnderskieden as diplomaat, benammen troch syn twa besites oan Rome as ambassadeur fan Paulus Julius II. Oan ien fan dizze reizen hold hy troch útputting in sykte oer dy't er nea hielendal te boppe kaam, en wylst der foar de twadde kear yn Rome wie, waard er hast fermoarde op befel fan de paus, dy't krekt doe yn in striid ferwikkele wie mei Alfonso. Troch dizze kriich waard Ariosto's lean fan 84 kroanen it jier opskoart, en sels hielendal opheft nei it fredesferdrach. Ariosto frege de hartoch oft hy him ûnderhâlde woe, om't er oars op in oar plak wurk sykje moast. Hy waard beneamd ta gûverneur fan de provinsje Garfagnana, en dat hat er trije jier dien. De provinsje waard doetiids teheistere troch banditebendes, en de gûverneur wie net by macht om dêrtsjin op te treden. Boppedat die de hartoch net folle om him te stypjen. Dochs slagge Ariosto deryn yn eare ôfskie te nimmen fan syn wurk.
Yn 1508 ferskynde Ariosto's toanielstik Cassaria. De earste foarstelling fan I Suppositi fûn plak yn Ferrara en tsien jier letter waard it yn it Fatikaan opfierd. In proza-edysje waard yn 1524 publisearre yn Rome, en de earste edysje yn ferzen waard yn 1551 publisearre yn Feneesje. Ariosto skreau benammen komeedzjes: neist Cassaria (1508) en I Suppositi (1509) skreau hy ek Il negromante (1520), La Iena (1529) en I studenti (ôfmakke troch syn broer Gabriele en letter publisearre as La scolastica). Yn it tiidrek tusken 1517 en 1525 skreau hy sân satires ûnder de titel Satire, yn neifolging fan de Sermones fan Horatius. Yn 1516 waard yn Feneesje syn earste ferzje fan Orlando Furioso publisearre mei 40 kanto's yn ottava rima, in strofe mei alvewurdliddige fersrigels nei it rymskema abababcc. Earst 16 jier letter waard syn tredde en definitive ferzje fan 46 kanto's útjûn. De lêste acht jier fan syn libben gong Ariosto werom nei Ferrara. Frij gau nei de publikaasje fan de oanpasse edysje waard it hurd minder mei him. Op 6 juny 1533 stoar hy úteinlik oan tuberkuloaze.
Alhoewol't hy gjin arsjitekt wie en net rjochtstreeks de boukeunst beskreau, oefene syn wurk ek ynfloed út op 'e boukeunstskiednis en boukeunstbeskriuwing. Galileo Galilei makke yn ien fan syn skriften in ferliking tusken de Orlando Furioso en de Gerusalemme Liberata oan de hân fan in boukeunstich metafoar. Fierders skreau Ariosto noch ferskate Latynske ferzen wêrby't hy him ynspirearje liet troch de Romeinske poëten Tibullus en Horatius.
Orlando Furioso
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Orlando Furioso is nei de Divina Commedia fan Dante en de Canzoniere fan Petrarca it meast ynfloedrike boek fan de klassike Italjaanske literatuer, wêrfan't de earste ferzje ferskynde yn 1516. De tredde ferzje, mei oanpassings en útwreidings, folge yn 1532. Yn de iuw dêrop wie it boek in súkses en waard it wol gauris werdrukt. It epos behannelet de kriich tusken Roelân en de Sarasenen, dy't as eftergrûn tsjinnet foar it grutte ferskaat oan ferhalen.
It epos hat gjin dúdlike begjin- of einstruktuer. De Orlando Furioso wurdt sjoen as in fuortsetting op de Orlando Innamorato fan Baiordo, dy't nea ôfmakke waard. Sawol kwa ynhâld as kwa epyk is de Orlando Furioso hjirop basearre. Dat der eins net in einstruktuer is, kin der mei te krijen hawwe dat Ariosto letter sels fjouwer grutte taheakken op dit epos skreaun hat: The Episodes of Olimpia, The Rocca di Tristiano, Marganorre en Ruggiero in Hungary.
It epos is mei sa'n protte ferbyldingskrêft skreaun, dat mannich kritikus net protestearre tsjin it ûntbrekken fan illustraasjes by de tekst. De Orlando Furioso waard letter noch breedút illustrearre troch Gustave Doré.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|