Gustave Doré

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Gustave Doré
Foto Félix Nadar, 1867

Paul Gustave Doré (Straatsburch, 6 jannewaris 1832Parys, 23 jannewaris 1883) wie in Frânsk keunstner, graveur en yllustrator.

Doré waard berne yn Straatsburch en publisearre syn earste yllustrearre ferhaal al doe't er 15 jier wie. Hy waard boekeyllustrator yn Parys, dêr't er tekeningen makke by it wurk fan ûnder oaren Rabelais, Balzac en Dante. Yn 1853 waard er frege om it wurk fan Lord Byron te yllustrearjen. Dat waard folge troch oar wurk foar Britske útjouwers, dêr't in nije yllustrearre Ingelske bibel by wie. Teffens makke er platen by in grutte útjefte fan The Raven fan Edgar Allan Poe.

De Ingelske bibel fan Doré (1865) wie in grut súkses en yn 1867 wie der in wichtige útstalling fan syn wurk yn Londen. Dat hie de stifting fan de Doré Gallery yn New Bond Street fan gefolgen.

Yn 1869 stelde Blanchard Jerrold, de soan fan Douglas William Jerrold, út om gear te wurkjen by it meitsjen fan in wiidweidich portret fan Londen. Jerrold kaam op dat idee troch The Microcosm of London dy't troch Rudolph Ackermann, William Pyne en Thomas Rowlandson makke wie yn 1808.

Doré tekene foar in projekt fan fiif jier mei útjouwer Grant & Co; dat betsjutte dar er trije moannen it jier yn Londen tahâlde soe. Hy krige in slompe jild (£ 10,000 it jier) foar syn wurk. It boek London: A Pilgrimage ('Londen: in beafeart'), mei 180 gravueres, kaam út yn 1872.

It boek slagge kommersjeel tige, mar kritisy moasten net folle fan it wurk hawwe. It like wol dat it ferskate kritisy net noaske dat Doré de earmoed yn Londen bleatlei yn syn wurk. Hy waard beskuldige fan it optinken fan beskate sênes yn stee fan it werjaan fan de werklikheid.

Londen: A Pilgrimage wie in finansjeel súkses en Doré krige opdrachten fan oare Britske útjouwers. Ta syn lettere wurk heart Paradise Lost fan Milton, Idylls of the King fan Alfred Tennyson, The Works of Thomas Hood, The Divine Comedy en de Nederlânske De goddelijke komedie. Syn wurk ferskynde ek yn Illustrated London News. Doré bleau oan it yllustrearjen oant syn dea yn Parys yn 1883 ta. Hy waard begroeven op begraafplak Père-Lachaise.

Gallery[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]