Springe nei ynhâld

Laura Bush

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Laura Lane Bush-Welch)
Laura Bush
politikus
echte namme Laura Lane Welch Bush
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 4 novimber 1946
berteplak Midland (Teksas)
etnisiteit Ingelsk
partij Republikeinske Partij
First Lady fan de Feriene Steaten
amtsperioade 20012009
foargonger Hillary Clinton
opfolger Michelle Obama
First Lady fan Teksas
amtsperioade 19952000
foargonger Rita Crocker Clements
opfolger Anita Thigpen Perry

Laura Bush, berne as Laura Lane Welch (Midland (Teksas), 4 novimber 1946), is de frou fan 'e Amerikaanske âld-presidint George W. Bush en de skoandochter fan âld-presidint George H.W. Bush. Hja wie first lady (gûverneursfrou) fan 'e steat Teksas fan 1995 oant 2000, en first lady fan 'e Feriene Steaten (presidintsfrou) fan 2001 oant 2009. Under it gûverneurskip en presidintskip fan har man sette se har fral yn foar ûnderwiis en de striid tsjin analfabetisme. Hja wie ien fan 'e populêrste first ladys sûnt der ûndersyk nei sokke saken dien wurdt.

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Laura Lane Welch waard yn 1946 berne yn Midland, yn 'e steat Teksas, as it ienlingsbern fan Harold Welch (1912-1995), in súksesfol oannimmer en letter projektûntwikkelder, en dy syn frou Jenna Louise Hawkins (1919), dy't yn it bedriuw fan har man de boekhâlding die. Welch gie nei de legere en de middelbere skoalle yn Midland, dêr't se yn 1964 slagge foar har skoaleksamen.

Op 'e jûn fan 6 novimber 1963 negearre Welch by in krúspunt in stopboerd en raamde se in oare auto, wêrfan't de sjauffeur by it ûngelok om it libben kaam. Welch en har passazjier, beiden santjin jier, kamen mei de skrik frij. It deadlik slachtoffer wie Welch har klasgenoat Michael Dutton Douglas, mei wa't hja neffens guon ferhalen earder in hoart ferkearing hân hie. Neffens in ferslach fan it ynsidint dat yn 2000 frijjûn waard troch de gemeente Midland op fersyk fan sjoernalisten dy't yn ferbân mei de presidintskampanje fan Welch har man yn har ferline omgroeven, waard de saak ôfdien as in tragysk ûngelok en waard Welch der nea foar ferfolge. Yn har autobiografy Spoken from the Heart (2010) fertelde Welch dat se troch it ûngemak jierrenlang har leauwe kwytrekke.

Laura Welch Bush mei har man en beide dochters yn 1990.

Nei't se har middelbere-skoaloplieding ôfrûne hie, sette Welch útein mei in stúdzje ûnderwiiskunde oan 'e Súdlike Metodistyske Universiteit (SMU) yn Dallas, dêr't se yn 1968 in bachelorstitel behelle. Neitiid stie se earst in jier foar de klasse by in legere skoalle yn Dallas, en dêrnei fan 1969 oant 1972 by ien yn Houston. Fan 1972 oant 1973 die se in oplieding ta bibletekaresse oan 'e Universiteit fan Teksas te Austin, wêrnei't se yn dy funksje oannommen waard troch de Iepenbiere Bibleteek fan Houston. Yn 1974 ferhuze se wer werom nei Austin, dêr't se oant 1977 bibletekaresse op in legere skoalle wie.

Trouwen en húshâlding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn july 1977 kaam Welch op in barbekjû yn 'e eftertún by mienskiplike freonen yn 'e kunde mei George W. Bush. Hja krigen wat mei-inoar, en ein septimber died er har in oansiik, wêrnei't se op 5 novimber datselde jiers noch trouden te Midland, yn deselde tsjerke dêr't Welch doopt wie. Harren houliksreis brochten se troch yn it Meksikaanske Cozumel. Welch woe graach bern hawwe, mar rekke mar net yn ferwachting. Pas yn 1981 waard se swier, mar doe ûntwikkele se in libbensbedriigjende pre-eklampsy (yn 'e folksmûle bekend as swierensfergiftiging), sadat har twillingdochters Barbara en Jenna fiif wiken te betiid fia in keizerssneed berne waarden.

Laura Welch Bush mei har man George W. Bush (rj.) en har skoanheit George H.W. Bush (l.).

It jiers nei harren trouwen besocht George W. Bush al om foar de Republikeinske Partij in sit yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen te bemachtigjen, mar dat waard him net. Hy bleau dêrnei jierrenlang aktyf yn 'e marzje fan 'e polityk. Nei't it skynt hie Welch in "stabilisearjend effekt" op syn priveelibben. Sjoernaliste Jane Simms Podesta skreau yn it tydskrift People Magazine: "Sy is it stiel yn syn rêchbonke. Se is in sivilisearjende ynfloed op him. Ik tink dat se him yn in protte opsichten opboud hat ta de man dy't er hjoed de dei is." Sels jout Bush ta dat it syn frou wie dy't him yn 1986 fan 'e drank ôf krige.

Yn 1994 waard Bush dan einlings keazen ta gûverneur fan Teksas, en sadwaande wie Welch fan 1995 oant 2000 first lady fan dy steat. Doe't har nei har belutsenheid by de polityk frege waard, antwurde hja lykwols: "It driuwt my net." Yn 'e hiele seis jier fan it gûverneurskip hold Welch net ien formele gelegenheid yn 'e gûverneurswente. Nammenste mear sette se har lykwols yn foar ûnderwiis en de striid tsjin analfabetisme, dêr't ek har skoanmem, Barbara Pierce Bush, altyd tige by belutsen wie. Fierders sammele se jild yn foar iepenbiere bibleteken troch de stifting fan it Teksaanske Boekefeest, en rjochte se de hiele steat troch saneamde Rainbow Rooms ("Reinbôgekeamers") op, dat kliniken wiene mei as doel om fergees medyske needhelp te jaan oan fertutearze en mishannele bern. Fierders brûkte se har posysje om it bewustwêzen fan 'e sykte fan Alzheimer en boarstkanker te fergrutsjen.

Doe't Bush by de ferkiezings fan 2000 it presidintskip fan 'e Feriene Steaten wist te bemachtigjen, waard Welch first lady fan 'e Feriene Steaten, in posysje dy't se fan 2001 oant 2009 ferfolje soe. Yn dy hoedanichheid lei se har wer ta op ûnderwiis en alfabetisearring, û.m. troch yn 2001 yn 'e mande mei de Library of Congress it jierlikse Nasjonaal Boekefeest te lansearjen. In oar terrein dêr't Welch har ûnder it presidintskip fan har man mei dwaande hold, wie de sûnens fan froulju. Sa besocht se mear omtinken te krijen foar hertsykten by froulju, mei't sokke krupsjes gauris as typyske manljussaken beskôge wurde (mar dochs mear deadlike slachtoffers ûnder froulju meitsje as alle foarmen fan kanker byinoar).

Laura Welch Bush op besyk by in legere skoalle yn Des Moines (2005).

Fierders sette se har ek op 'e nij yn foar de striid tsjin boarstkanker, wat foar har in persoanlike saak wurden wie nei't har mem, Jenna Welch, dêr yn 1997 yn 'e âlderdom fan 78 jier mei oanhelle rekke wie (sûnt is it âldminske wer hielendal opbettere). Yn augustus 2007 rjochte se it Laura W. Bush Ynstitút foar Frouljussûnens op yn it Teksaanske Lubbock. Sûnt binne dêr fêstigings fan iepene yn oare Teksaanske plakken, lykas Amarillo, El Paso, Odessa en har berteplak Midland. Welch ûndernaam fiif reizen nei Afrika, dêr't se net allinnich omtinken mei frege foar de bestriding fan HIV/AIDS en malaria, mar teffens it belang fan alfabetisearring en mear rjochten foar froulju mei ûnderstreke.

It hiele presidintskip fan har man troch bleau Welch ûnder de Amerikaanske befolking tige populêr, wylst dat mei Bush sels almar minder waard. Foar in part sil har oanhâldende populariteit te krijen hân hawwe mei har politike tinkbylden, dy't foar de Republikeinske Partij frij a-typysk wiene. Sa sei se al yn 2000 dat se net fûn dat it rjocht op abortus yn 'e Feriene Steaten beheind wurde moat, mar dat men jin krekt rjochtsje moat op it foarkommen fan ûnwinske swierwêzen. En oangeande it homohoulik rôp se yn 2006 it Amerikaanske Kongres op om sokke saken bûten de polityk te hâlden.

Lettere jierren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt har man yn 2009 presidint-ôf is, is Welch belutsen bleaun by alle saken dy't ek ûnder syn presidintskip har belangstelling hiene. Wat har politike tinkbylden oanbelanget, is hja mooglik noch útsprutsener wurden. Yn 2010 sei se yn in fraachpetear mei Larry King, op CNN: "It liket my wichtich ta dat [abortus] legaal bliuwt. Want ik tink dat it wichtich is foar minsken – om medyske redens en om oare redens." Ek it homohoulik kaam yn datselde ynterview op 't aljemint, en dêroer sei se dat se fan miening is dat it in generaasjeprobleem is, en dat se leaut dat it yn 'e takomst sûnder mis yn it hiele lân legaal wêze sil. Sels fûn se dat: "as stellen oaninoar tawijd binne en faninoar hâlde [...], dan hearre se deselde soarten rjochten te hawwen dy't elkenien hat."

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.