Landseer

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Landseer - rêdinghûn

De Landseer is in hûneras fan swart-wite hûnen, besibbe oan de Newfoundlander.

Komôf[bewurkje seksje | edit source]

Lykas de Labrador en de Newfoundlander is de Landseer út de Sint john fan Newfoundland fuortkaam. Mûglik is de zwart-wite kleur, dy't ôfwykt fan de effen kleur fan de oare twa soarten, ûntstien troch ferminging mei Jeropeeske rassen oan it begjin fan de 18e ieu, yn de tiid dat de hûnnen nei Jeropa, fral Ingelân, helle waarden.

Oarspronklik wienen it de twakleurige hûnen dy't Newfoundlander neamt waarden, en hieten alle oaren Labrador. Dy twakleurige hûnen waarden populêr nei berjochten dat se drinkelingen út it wetter helle hienen. Ingelske skilders brûkten dit motyf foar skilderijen; fral op de skilderijen fan Edwin Landseer kamen dizze "Newfoundlanders" in soad foar. Letter waarden alle gruttere hûnen út Newfoundland Newfoundlander neamt, en waard dêrfan it wat lytsere swarte ras populêrder. Doe't yn 1886 in standert foar de Newfoundlander opsteld waard, wie dat dan ek in standert foar de swarte hûn dy't ek hjoed noch "Newfoundlander" neamt wurdt. Swart-wite hûnen waarden allinnich talitten as se fierders de swarten lyk wienen.

Troch dizze standert rûn it tal fan hûnen fan it wyt-swarte ras noch fierder tebek, en ferlear it ras ek wat fan syn skaaimerken, lykas wat fan de hichte dy't it earder hân hie. Earst nei de Twadde Wrâldkriich kaam, fral yn Switserlân en Dútslân it idee op dat de swart-witen dochs wier net itselde ras wienen. De eardere skaaimerken waarden werombrocht yn it ras, en yn 1960 waard in aparte standert foar de Landseer ynsteld.

Skaaimerken[bewurkje seksje | edit source]

De Landseer is in grutte, krêftige hûn. Hy hat in brede kop, in swarte snút en brúne, djiplizzende eagen. Hy hat middelgrutte earen mei rûnde punten, dy't ticht tsjin de wangen oanlizze. Hy hat in brede nek, in rjochte rêch, en in ôfhingende sturt. Hy hat grutte poaten mei swimfluezen. Hy hat lange glêd hier dat net maklik wiet wurdt, de bealch en de poaten wyt mei wat swart, de kop foar it grutste part swart.

In rikel hat in skofthichte fan 72-80 sm. In teef hat in skofthichte fan 67-72 sm. It gewicht is 50-68 kg.

In Landseer is oanhinklik, sterk en yntelligint. Hy is geskikt as selskiphûn, mar troch syn krêftige bou kin er ek karrehûn of lêsthûn wêze. Syn bou is lykwols hieltiid noch dy fan de fiskershûn fan Newfoundland, dat hy moat geregeld it wetter yn. Yn kombinaasje mei de oanwenst dingen út it wetter te heljen is it ras dêrmei tige geskikt as rêdinghûn.