Katarinatsjerke (Ulrum)

Ut Wikipedy
Katarinatsjerke
Lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente It Hegelân
plak Ulrum
adres H. de Cockstraat 5
koördinaten 53° 21' N 6° 19' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Katarina fan Aleksandrje
Arsjitektuer
boujier 13e iuw; 16e iuw (toer)
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 35863
Webside
PKN Ulrum-Niekerk-Vierhuizen
Kaart
Katarinatsjerke (Grinslân)
Katarinatsjerke

De Katarinatsjerke is in tsjerkegebou yn 'e Grinslânske provinsje Ulrum. De tsjerke wurdt brûkt foar tsjerketsjinsten fan 'e PKN en kulturele eveneminten en is oerdroegen oan de Stifting Alde Grinslânske Tsjerken.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oargel

De tsjerke waard oarspronklik as romaanske tsjerke yn 'e 12e iuw boud. Yn 'e 13e iuw waard de tsjerke nei it easten ta útwreide mei trije traveeën. Dat barde yn 'e oergongsstyl nei de gotyk.

De toer waard yn 'e 16e iuw boud. Foar dat doel waard it ferwulft fan it westlike travee ôfbrutsen.

Nei de ôfskieding fan 1834 bleau de tsjerke in Herfoarme tsjerke. De ôfskieden gemeente tsjerkte ynearsten yn de eardere kûperij en ferhûze yn 1843 nei in nij gebou oan de Singel. Nei de doleânsje lieden de grifformearden in grutte tsjerke bouwe, de tsjintwurdige Goede Hoedertsjerke

By de restauraasje fan 1916-1917 ûnder lieding fan ryksboumaster C.H. Peters binne de goatyske finsters fan de Katarinatsjerke ferfongen troch de hjoeddeiske rûnbôgige finsters. Ek waarden doe de pleisterlagen fan de meloenfoarmige koepelgewelven en muorren fan de tsjerke ferwidere, wermei't de fresko's fan foar de reformaasje foar ivich ferlern gyngen.

Ofskieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Ofskieding fan 1834.

Yn 1829 stie Hendrik de Cock as dûmny oan 'e Herfoarme tsjerke fan Ulrum. De Cock wie yn 't leauwe ynearsten frijwat frijsinnich, mar kaam ûnder ynfloed fan syn otterdokse gemeenteleden yn Ulrum. Yn in petear foege gemeentelid Klaas Kuipenga him earlik ta dat syn preken him net folle seine. Syn útspraak Als ik één zucht tot mijn zaligheid moest toedoen, dan was ik voor eeuwig verloren sette De Cock oan it tinken en om de Doardtske learregels nochris op 'e nij te bestúdearjen. Dat brocht him ta de oertsjûging dat de Herfoarme tsjerke ûnder Willem I tefolle fan de grifformearde belidenis ôfwykte. Syn otterdoksere preken soargen foar folle tsjerken, mar syn ferset, it dopen fan bern út oare gemeentes en it fulminearjen tsjin kritisi brocht him ek yn konflikt mei de klassis. It late ynearsten ta it tydlik út it amt setten en dêrnei de ôfsetting as dûmny. De tsjerkeried bleau lykwols efter De Cock stean en doe't fanwegen omstannichheden dûmny Hendrik Peter Scholte út it Brabânske Doeveren, in meistanner fan De Cock, nei Ulrum kaam, mocht dy op snein net yn 'e tsjerke preekje, om't it sa beöardere wie dat de frijsinnige dûmny fan Liens foargean moast. De oerheid liet troch plysjes de tsjerke slute, mar Scholte hold bûten op in stik lân op in karre in preek, dêr't hûnderten minsken op ôf setten. De oare deis, op 13 oktober 1834, sei De Cock dat er him ôfskiede woe fan de tsjerke. De hiele tsjerkeried soe de dûmny folgje yn it losmeitsjen fan de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke, dat bekend wurde soe as de ôfskieding fan 1834. Doe't it nijs yn it lân bekend waard folgen der mear gemeentes, fral yn 'e trije noardlike provinsjes. De Cock lei dêrmei de grûnslach foar de lettere Grifformearde Tsjerken yn Nederlân.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke hat in preekstoel út 1745 De hearebank foar de preekstoel oer mei fykwurk en it wapen fan Inn- und Kniphausen-Lewe is âlder en stamt fan 1660. De twa klokken yn de toer datearje út 1478 en 1698.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel op de oargelkreake boppe de tagong datearret út 1806 en waard boud troch Nikolaus Lohman. Petrus van Oeckelen brocht û.o. feroarings oan yn de disposysje fan it ynstrumint.

Bakker & Timmenga hat in oargel yn 1983-1984 hielendal restaurearre. It ienmanualige oargel hat 10 registers mei in oanhongen pedaal.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: