Willem I fan de Nederlannen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Willem I yn keningsmantel

Willem Frederik fan Oranje-Nassau (De Haach, 24 augustus 1772Berlyn, 12 desimber 1843) wie as Willem I fan 1813 oant 1815 soeverein foarst en fan 1815 oant 1840 de earste kening fan de Nederlannen. Under syn bewâld foarmen it hjoeddeiske Nederlân en Belgje fan 1813 oant 1830 ien steat.

Jeugd en houlik[bewurkje seksje | edit source]

Willem Frederik waard yn 1772 berne yn te 's-Gravenhage as tredde soan fan steedhâlder Willem V en prinsesse Wilhelmina fan Pruisen, in nicht fan Frederik II fan Pruisen. Nei de dea fan steedhâlder Willem V stie hy oant 1815 bekend as Willem VI.

Willem Frederik sels boaske yn 1791 syn folle nicht Wilhelmina fan Pruisen, suster fan Frederik Willem III, kening fan Pruisen. Ut dit houlik waarden fjouwer berne berne:

Ofbyld Namme Berne Ferstoarn Bysûnderheden
YoungwilliamII.jpg Willem Frederik George Lodewijk 6 desimber 1792 17 maart 1849 Boaske Anna Paulowna fan Ruslân

De lettere kening Willem II.
PrinsFrederik1797(2).jpg Willem Frederik Karel 28 febrewaris 1797 8 septimber 1881
Paulina van Oranje.jpg Wilhelmina Frederika Louise Paulina Charlotte 1 maart 1800 22 desimber 1806
Prinses Marianne van Oranje-Nassau.jpg Wilhelmina Frederica Louisa Charlotte Marianne 9 maaie 1810 29 maaie 1883

Titels[bewurkje seksje | edit source]

Neist kening fan de Nederlannen droech Willem I de titels prins fan Oranje-Nassau, foarst fan Fulda (1803-1806), greve fan Corvey, Weingarten en Dortmund (1802-1806) en letter as Willem I soeverein foarst fan it Soeverein Foarstendom fan de Feriene Nederlannen (1813-1815), hartoch fan Lúksemboarch (1815), gruthartoch fan Luxemboarch (1815-1840) en hartoch fan Limburch (1839-1840). Nei syn abdikaasje nom hy de titel en namme kening Willem Frederik greve fan Nassau oan.

Literatuer (karút)[bewurkje seksje | edit source]

  • Johann Stephan Wijne Koning Willem I, útjouwerij Kruseman, De Haach (1964)
  • Leonard Jan Plemp van Duiveland Willem Frederik, koning der Nederlanden, útjouwerij Nederlandsche Handel-Maatschappij, Amsterdam (1949)
  • Adriaan Goslinga Koning Willem I als verlicht despoot, útjouwerij Bosch, Baarn (1918)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]