Keningen fan Nederlân

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De earste kening fan de Nederlannen wie Willem I, soan fan steedhâlder Willem V. Hy regearde oer it Feriene Keninkryk fan de Nederlannen fan de oprjochting yn 1815 ôf oant de ûnôfhinklikens fan it Keninkryk Belgje yn 1830 (sels erkende er de ûnôfhinklikheid fan Belgje earst yn 1839), en bleau Kening fan de Nederlannen oant 1840.

De keningen fan it Keninkryk fan de Nederlannen binne grûnwetlik de wettige opfolgers fan boppeneamde Willem I, Prins fan Oranje-Nassau.

List[bewurkje seksje | edit source]

Offisjeel is de namme fan it Nederlânske regearjend hûs altyd Oranje-Nassau bleaun, mar histoarysk sjoen heart keninginne Juliana ta it hûs Mecklenburg troch har heit en keninginne Beatrix ta it hûs Lippe troch har heit. De hjoeddeiske Kening Willem-Alexander is feitlik in fan Amsberg.

Hûs Oranje-Nassau[bewurkje seksje | edit source]

Nr. Kening Perioade Man/frou
1 Willem I in kroningsmantel.jpg Willem I 1815 - 1840 Prinsesse Wilhelmina fan Prusen (1815-1837), dochter fan kening Frederik Willem II fan Prusen.
2 WillemIINL3.jpg Willem II 1840 - 1848 Grutfoarstinne Anna Paulowna fan Ruslân, dochter fan tsaar Paul I fan Ruslân.
3 Portrait of King Willem III of the Netherlands, Nicolaas Pieneman (1856).jpg Willem III 1849 - 1890 Prinsesse Sophie fan Württemberg (1839-1877), dochter fan kening Willem I fan Württemberg
Prinsesse Emma fan Waldeck-Pyrmont (1879-1890), dochter fan foarst George Victor fan Waldeck-Pyrmont.
4 Wilhelmina of the Netherlands, 1909.jpg Wilhelmina 1890 - 1948 Hartoch Hendrik fan Mecklenburg-Schwerin, soan fan gruthartoch Frederik Frans II fan Mecklenburg-Schwerin

Hûs Mecklenburg-Schwerin (Oranje-Nassau)[bewurkje seksje | edit source]

Nr. Kening Perioade Man/frou
5 1971--05-27 Galavoorstelling Death in Venice retouched.jpg Juliana 1948 - 1980 Prins Bernhard fan Lippe-Biesterfeld.

Hûs Lippe-Biesterfeld (Oranje-Nassau)[bewurkje seksje | edit source]

Nr. Kening Perioade Man/frou
6 Beatrix05.jpg Beatrix 1980 - 2013 Jonkhear Claus fan Amsberg.

Hûs fan Amsberg (Oranje-Nassau)[bewurkje seksje | edit source]

Nr. Kening Perioade Man/frou
7 Willem-Alexander, Prince of Orange cropped.jpg Willem-Alexander 2013 - no Maxima


Willem-Alexander fan de Nederlannen Beatrix fan de Nederlannen Juliana fan de Nederlannen Wilhelmina  fan de Nederlannen Koninginne Emma Kening Willem III Kening Willem II Kening Willem I