Kastylje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kastylje op de Spaanske lânkaart

Kastylje wie in earder keninkryk, der't Spanje út ûntstien is. Kastylje ûntstie út it keninkryk Leon. It eastlike part dêrfan, it greefskip Burgos, waard troch de greve Fernan Gonzalez útwreide. Hy rôp himsels yn 930 út ta kening fan Kastylje, it gebiet neamde hy sa om't dêr in protte kastielen boud wiene yn ferbân mei de striid tsjin de Moaren.

Yn de kommende ieuwen wie Kastylje stadichoan útwreide, somtiden hie it deselde kening as Leon mar dit wie meast mar tydlik. Yn 1231 soarge kening Ferdinand III derfoar dat Leon definityf by Kastylje kaam en wreide it gebiet ek bot út nei it suden ta skea fan de Moaren.

Oan 'e ein fan de 15e ieu wiene der op it Ibearysk skiereilân noch mar trije keninkriken. Portegal, Kastylje en Arragon. Troch it houlik fan Isabella fan Kastylje mei Ferdinand II fan Arragon ûntstie Spanje.