Johannes Post
Johannes Post (Hollandscheveld, 4 oktober 1906 - Overveen, 16 july 1944) wie in Nederlânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich dy't lanlik aktyf west hat. Syn twa jier âldere broer Marinus, dy't yn Kampen wenne, hat ek yn it ferset sitten.
Foar de oarloch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Johannes Post wie it olfde en jongste bern fan Jan Wolters Post en Trijntje Tempen. Hy wie bouboer yn Nieuwlande en wethâlder yn de gemeente Oosterhesselen foar de Anti-Revolúsjonêre Partij (ARP). Yn 1929 fêstige er him op de buorkerij fan ferfeander Robaard. Op 26 novimber 1929 troude Post mei Dina Salomons (berne op 3 july 1903 en stoarn yn 1991). Sy krigen njoggen bern. It earste bern, Jan Wolter, stoar al nei in wike.
De earste oarlochsjierren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jehannes syn plan om yn de maaiedagen fan 1940 tsjin de Dútskers te fjochtsjen gie net troch fanwegen de kapitulaasje dy't al rillegau in feit wie. Oant 1942 wie Jehannes Post dwaande mei 'lytse' fersetsdieden sa as it wegerjen fan ynkomstenbelesting oan de Dútsers en it súteljen mei yllegale lektuer.
Syn earste ûnderdûker, yn 1942, wie Arnold Douwes. Hy soe letter mei Post gearwurkje en soe de oarloch oerlibje. Yn dy snuorje kaam Post ek yn kontakt mei Frits de Swalker, garre er distribúsjebonnen, wie er belutsen by it ferfalskjen fan persoansbewizen en brocht er in protte Joadske ûnderdûkers yn Drinte ûnder dak. Begjin 1943 hie er it Joadske famke Celina Johanna Kuijper (bekend ûnder de namme 'Thea') út Amsterdam-Súd ophelle en yn 'e hûs nomd. Celina Kuijper waard koerierster, har ferloofde Ies Davids ('Peter') makke falske persoansbewizen.
Wapene ferset
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Johannes Post hat fan syn broer Marinus syn earste revolver krige, de earste stap fan de gereformeerde Johannes Post yn de rjochting fan it wapene ferset. Maaie 1943 dûkte eks-beropsmilitêr Jan Wildschut ûnder yn Drinte, it gefolch fan de Dútske oankundiging fan ein april dat alle leden fan it eardere Nederlânske leger op 'en nij kriichsfinzene wurde soenen.
De risiko's dy't Johannes Post wilens roan diene bliken doe't er Frans Fergonet oan in ûnderdûkplak holp. Fergonet blykte in ferrrieder te wêzen. It besykjen fan likwidaasje fan de ferrieder De Krol mislearren. Under oaren it WA-gebou yn Hollandscheveld gie yn flammen op.
Johannes Post gong in protte gearwurkjen mei Jan Naber en Albert Jan Rozeman. Sy neamden harsels "de N.V." nei harren fersetsnammen Nico en Victor. 'Victor' is benei oppakt troch de beruchte SD-ers Leo Poos en Marten Slagter. Doe hiene de earste oerfallen op distribúsjekantoren ek al west. Op woansdei 23 juny 1943 waarden leafst fjouwer kantoren op ien dei oerfallen (Sleen, Zweeloo, Oosterhesselen en Nieuweroord).
Johannes Post, Celina Kuijper, Ies Davids, Jan Naber en Albert Rozeman hawwe harren doe in skoft yn de Drintske bosken ferskûle, om oan de fûle jacht fan de Dútsers op fersetsminsken te ûntkommen.
Earste arrestaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Johannes Post en Celina Kuijper, in Joadske fersetsfrou, waarden op 16 july 1943 ynrekkene yn pinsjon 'De Roo' yn Ugchelen troch de SD-ers Lamberts en Doppenberg. Beide waarden yn it plysjeburo fan Apeldoarn fêstset. Johannes Post wist te ûntsnappen mar waard fuortendaliks wer oppakt. Op 18 july 1943 waard er dochs noch troch in Nederlânske resjerzjeur befrijd. Celina Kuijper besocht ek te ûntkommen, mar dat mislearre en sy waard nei Kamp Westerbork oerbrocht. It besykjen om har dêr 't te heljen mislearre ek. Sy is nei Poalen brocht en daliks by oankomst fergast. Jan Post, in broer fan Johannes, is troch de SD-ers Lamberts, Doppenberg en Boesveld oanholden, mar letter wer frijlitten.
Simmer 1943 naam de jacht fan de Dútsers op it Drintsk ferset allinne mar ta. In opjage Johannes Post krige in nije idintiteit, "Hemke van der Zwaag". Sûnder in foarm fan proses waarden trije Hegefeansters (notaris Johannes Mulder, jonkhear Marius de Jonge en de ûnderwizer Adriaan Baas) by it eardere bernefakânsjehûs 'Het Noorderhuis' yn de Spaarbankbosk deasketten. De Joadske ynwenners Levie en Manus van der Wijk waarden twa dagen letter op itselde plak fermoarde.
Johannes Post koe by in persoansbewiiskontrôle op 'en nij ûntkomme oan arrestaasje. De N.V. sleat him oan by de KP-Meppel en 'kreake' it distribúsjekantoar fan Staphorst. De Dútsers namen wraak op it ferset. Neijier 1943 waarden yn Meppel en Staphorst trije manlju yn de doar fan har went of oan de kant fan de wei deasketten. It wienen de earste slachtoffers fan de Aktion Silbertanne.
Lanlike aktiviteiten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Meidat de aktiviteiten fan Johannes Post yn Drine te bekend wurde wienen, ferlei Post syn wurk nei oare dielen fan it lân. Yn de rin fan 1943 waard Post lid fan de top fan de Lanlike Knokploegen (LKP). Mei Marinus wurken sy ûnder oaren út Rynsburch wei dêr't harren broer Henk Post predikant wie.
Jannewaris 1944 festige Johannes Post him mei syn knokploech yn Breda oan de Nagtegaalstrjitte 12. Under oaren waarden kantoaren yn Hardinxveld (mislearre) en Oegstgeest oerfallen. It besykjen om Van der Zande, in distriktslieder fan de LO, te befrijden mislearre, lykas oerfallen yn Woerden, Spijkenisse en Rhoon ek net slaggen. De pogingen yn û. o. Leiderdoarp (4 jannewaris 1944), Poortugaal (12 jannewaris 1944), Oud-Beijerland (20 jannewaris 1944), Klundert (21 jannewaris 1944), Heerjansdam (25 jannewaris 1944), Boekel (4 febrewaris 1944), Lisse (15 febrewaris 1944), Katwyk (8 april 1944) en Maassluis (10 april 1944) slaggen wol. By de oerfal op in plysjeburo oan de Archimedesstrjitte yn De Haach (19 febrewaris 1944) waarden in protte revolvers en offisjele dokuminten bútmakke. Nei in oerfal yn Zwijndrecht (21 febrewaris 1944) op it yn it gemeentehûs festige distribúsjekantoar skilde it net folle of Post wie wer ynrekkene.
Maart 1944 waard Post útnûge om by de Top-LKP te kommen en rjochte er syn aktiviteiten wer op it Noarden. Hy waard frege om it fersetswurk út Ingelân wei fuort te setten, mat dat wegere er. De reis nei Ingelân, dêr't û.o. V.H. Rutgers by wie, mislearre.
Johannes Post wie maaie 1944 belutsen by de meast súksefolle oerfal op in drukkerij yn Nederlânn, nammentlik dy op drukkerij Hoitsema yn Grins (1944).
Yn de lêste jierren fan de kriich waarden in protte kopstikken fan it ferset ynrekkene. In grutte tsjinslach wie de arrestaasje fan Henk Dienske, provinsjaal haad fan de LO Noard-Hollân en Amsterdam. Ek Leendert Valstar, better bekend as 'Bertus', en letter Izaak van der Horst waarden arrestearre. Johannes Post folge Leendert Valstar op en joech it liederskip yn it Noarden oer oan Reint Dijkema. Johannes Post waard by syn wurk faak beselskippen fan de Joadse Betty Trompetter, faker bekend as 'Tineke van der Laan'. De nije útfalbasis fan Post yn Amsterdam waard de Witte de Withstrjitte by de famylje Van der Duin.
Freed 23 juny 1944, presys ien jier nei de fjouwer súksesfolle oerfallen op ien dei, waard in oerfal op in ditribúsjekantoar yn Haarlim plege yn opdracht fan Post, mar dy mislearre. Jan Wildschut waard dêrby oppakt en oerbrocht nei it Hûs fan Bewar Weteringschans yn Amsterdam. Wildschut syn finzenskip yn de Weteringschans, dy fan de letter arrestearre Wim Hartsveld en de tsientallen oare fersetsminsken dy´t dêr ek fêstsieten, dienen Post besluten om de finzenen te befrijden. It plan waard lykwols ferret troch Jan Boogaard.
Arrestaasje en dea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Post waard moarns ier 15 jul 1944 arrestearre. De folgjende dei sette men earst goed útein mei de ferhearren. Nimmen liet in wurd los. Tsjin de middei waarden sân dielnimmers oan de oerfal by elkoar brocht: Johannes Post, Jan Niklaas Veldman, Willem Frederik Smit, Arie Stramrood, Jacques Stil, Hilbert van Dijk en Cor ten Hoope (de beide lêsten op brankards). Guus Trestorff, dy yn de sjitpartij it swierst ferwûne rekke wie, wie doe al yn it Wilhelmina Gasthûs ferstoarn. Fierders waarden der noch acht fersetslju oan de groep taheakke, lju dy´t in jier dêrfoar belutsen wienen by de oanslach op it befolkingsregister yn Amsterdam.
Allegear hienen sy yn de gaten wat dy tariedings te betsjutten hiene. Sy waarden yn in sletten frachtwein nei de dunen by Overveen brocht. Dêr waard de hiele groep, ek de ferwûnen, fusillearre. Under de slachtoffers wie ek Ernst Klijzing, in foaroansteand lid fan de Amsterdamse fersetgroep CS-6. Alle slachtoffers waarden bedobbe yn in massagrêf yn de dunen.
Nei de mislearre oerfal hawwe fersetskameraden noch dagenlang poste by it hûs fan Boogaard, mar hy liet him net mear sjen.
Op 25 july 1945 waarden de lichems weromfûn en letter op 'en nij begroeven op it Earebegraafplak Bloemendaal.
Betty Trompetter, dy yn de Kinkerstrjitte oanholden waard, is nei Kamp Vught brocht en letter nei Ravensbrück. Sy hat de kriich oerlibbe, mei omdat har Joadske idintiteit net bekend wurden is. Ek de konsjerzje fan de Weteringschans, Ottenhof, kaam nei de kapitulaasje út Dútslân werom.
Koart nei de befrijding waard Boogaard ynrekkene en joech ta dat er fuort nei de earste moeting mei de Amsterdamse Knokploech syn SD-bazen it hiele plan fernijde. Boogaard waard op 19 july 1946 ta de dea feroardield, it fûnis waard op 1 maart 1947 útfierd. De measten fan syn Dútske SD- bazen, mei Willy Lages, it haad fan de Amsterdamse SD, ien fan de "Fjouwer fan Breda", binne der mei in betreklik lege finzenisstraffen ôfkaam. Maarten Kuiper, ek in Hollânske SD-er dy't foar Lages wurke, en û.o. Hannie Schaft fermoarde, waard op 10 augustus 1948 eksekutearre.
Neilittenskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Post is nei de oarloch ien fan de meast bekende fersetshelden wurden. Dit komt mei troch de biografy dy't Anne de Vries, bekend fan it boek Bartje, oer him skreaun hat.
Yn Havelte is in militêre kazerne nei Johannes Post neamd, yn Rijsoord in museum, yn Rynsburch en Zeist in strjitte, yn Zwinderen en Leien in brêge en tal fan skoallen en strjitten yn oare plakken.
Nei de oarloch krige er postúm it Fersetskrús 1940-1945. De Amerikaanske regearing joech him de Medal of Freedom with silver palm, dy't op 8 april 1953 yn De Haach oan syn famylje útrikt waard.
Sawol Johannes Post as syn doarp Nieuwlande krigen de Yad Vashem ûnderskieding fan de steat Israel as tank en erkenning foar Post syn wurk.
De Levensroman van Johannes Post (1948) fan Anne de Vries is de al ferskate kearen werprinte biografy fan Johannes Post. Eardat it as boek ferskynde wie it al in fuljeton yn it blêd "Ons Vrije Nederland".
Yn 1995 skreau Drs. G.C. Hovingh in biografy oer Johannes Post: Johannes Post, exponent van het verzet; Een biografie. Hovingh krige tagong ta in protte persoanlike argiven; ek hie er kontakten mei eardere fersetslju en hie materiaal fan it NIOD te Amsterdam ta syn foldwaan.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |