Jeltje van der Werf

Ut Wikipedy

[[Ofbyld:|thumb|175px|Jeltje van der Werf yn 1932 yn Feanwâldsterwâl]]Jeltje van der Werf.jpg 30 maaie 2004

Jeltje van der Werf
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 29 jannewaris 1852
berteplak Feanwâlden
stjerdatum 6 desimber 1934
stjerplak Feanwâldsterwâl
sportive ynformaasje
sport reedriden
ûnderdiel koartebaan

Jeltje van der Werf (Feanwâlden, 29 jannewaris 1852Feanwâldsterwâl, 6 desimber 1934) wie in Fryske koartebaanrydster.

Se ried har earste wedstriid yn 1870 yn Dokkum. Har earste wedstriid wûn se yn 1871 yn Aldtsjerk. In wike letter wûn se yndividueel yn Aldtsjerk en op 'en nij yn Ljouwert. Se hat dêrnei noch ferskate wedstriden wûn. Doe't se 24 wie, waard se de fluchste frou neamd. Yn dy snuorje troude se ek. Mar tweintich wiken nei it houlik ferstoar har man. As widdo wûn se mear as tûzen gûne oan prizejild en in pear prestizjeuze wedstriden.
Van der Werf boaske fannijs yn 1887 oan Auke Bosma. It pear krige in soan en in dochter.

Se die noch mei doe't hja 43 jier en al beppe wie. Se wenne yn dy tiid yn Feanwâlden. Doe't sy 60 jier wie, foel se by it reedriden. De blessuere wie earnstich en se moast in jier lang mei in stôk rinne.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Rijpkema, J. H. (17 maaie 1936). "Gedenkschrift bij het 50-jarig bestaan van den Frieschen IJsbond 1886-1936, alsmede iets over hardrijders en hardrijdsters in vroeger en later jaren". Noord-Nederlandsche Boekhandel. s. 54. Keninklike Bibleteek.