Jehannestsjerke (Easthim)

Ut Wikipedy
Jehannestsjerke (Easthim)
Lokaasje
Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Easthim
adres De Cingel
koördinaten 53° 1'NB, 5° 36'EL
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Jehannes Baptist
Arsjitektuer
arsjitekt A. Breunissen
boujier 1860
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 39804 (tsjerke)
39805 (toer)
Webside
Side Protestantske gemeente Easthim-Abbegea-Folsgeare
Kaart
Jehannestsjerke (Fryslân)
Jehannestsjerke

De Johannestsjerke yn Easthim is ien fan de tsjerken fan 'e protestanske gemeente Easthim-Abbegea-Folsgeare. De tsjerke is in ryksmonumint.

Skiednis en beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste tsjerke fan Easthim datearre al út de 12e iuw en bestie neffens in 19e-iuwske beskriuwing út dowestien. Oer de bouskiednis fan de tsjerke is net in soad bekend. De tsjerke hie in sealtektoer mei in lang, smel skip en oan 'e noardlike kant in útbou dat nei alle gedachten eartiids as sakristy tsjinst die en letter as skoalle. De toer datearre neffens de yn Abbegea berne dûmny Uiltje Foppes Wiersma (1838–1916) út it jier 1113 en hie de foarm fan dy fan Folsgeare en Boalsert, mar wie heger en dikker dan dy fan Folsgeare.

De hjoeddeiske Jehannestsjerke ferfong yn 1860 de midsiuwske tsjerke fan Easthim. It neoklassisistyske tsjerkegebou waard yn 1860 neffens in ûntwerp fan Albert Breunissen Troost boud. It tsjerkeskip hat grutte rûnbôgefinsters mei dêrtusken lisenen en wurdt ôfsletten mei in trijesidich koer. De westlike gevel en de toer binne bespleistere. Yn it eastlike koer is in konsistoarje.

Oargel

Nei de restauraasje fan 'e jierren 1980 krige de herfoarme tsjerke de âlde namme werom.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ynterieur is bepleistere en wurdt oerkape troch in tonferwulft. De preekstoel mei doophek, de banken en de psalmbuorden datearje út 'e boutiid. Bysûnder binne de petroaljelampen, dy't yn 1900 oanskaft en yn 1959 elektrifisearre binne. Yn 'e tsjerke hingje twa buorden mei de nammen fan de predikanten dy't dêr tsjinne ha. De âldste fan 'e twa hat noch yn de midsiuwske tsjerke hongen.

De klokken yn 'e toer binne yn 1949 troch Petit & Fritsen út Aarle-Rixtel getten en 827 resp. 586 kg. swier. De âldere klokken binne yn de Twadde Wrâldkriich foardere troch de besetter en net weromkommen.

It mechanyske oerwurk yn de toer waard yn 1915 levere troch Van Bergen, Midwolda en is letter elektrifisearre.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel waard yn 1838 troch Willem van Gruisen boud en yn 1860 troch Willem Hardorff yn 'e nijbou set. By in restauraasje yn 1959 krige it oargel de oarsponklike disposysje werom. Yn 2015 ûndergyng it ynstrumint grut ûnderhâld.

Gemeente[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjerklik is de herfoarme gemeente fan Easthim al sûnt 1608 mei Abbegea en Folsgeare ferbûn. Sûnt 1992 foarmen de herfoarmen mei de grifformearden fan de trije doarpen in Samen-op-Weg-gemeente, dy't op 15 april 2008 fusearre ta de protestanske gemeente Easthim-Abbegea-Folsgeare. De grifformearde tsjerke bleau mei de trije herfoarme tsjerken as tsjerklik sintrum yn gebrûk by de gemeente.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: