Jappie van Dijk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Jacob van Dijk, meast: Jappie van Dijk, (Snits, 29 septimber 1944 - Balk), wie in Fryske reedrider op de langebaan út Rûgehuzen. Wurke op de gemeentesekretary fan de gemeente Gaasterlân.

Die sûnt it seizoen 1968/1969 trije kear mei oan it Europeesk Kampioenskip en trije kear oan it Wrâldkampioenskip oer Alles. Wûn yn it seizoen 1973/1974 yn Grenoble by it EK goud op de 5.000 meter en de 10.000 meter. Waard dat jier ek Nederlânsk Kampioen. Yn 1971/1972 wie hy reserve lange ôfstannen op de Olympyske Spullen. Gie yn 1973 oer nei de profs, de WISO.

Persoanlike rekords[bewurkje seksje | edit source]

  • 500 m. - 41,0 sek.
  • 1500 m: 2.02,5 sek.
  • 3000 m: 4.16,8 sek.
  • 5000 m: 7.16,9 sek.
  • 10.000 m: 15.32,1 sek.

Utslaggen[bewurkje seksje | edit source]

Jier Tiid Kampioenskip
1968 14 NK Allround
1969 9 NK Allround
1970 12 EK Allround
1970 3 NK Allround
1970 16 WK Allround
1971 7 NK Allround
1972 5 NK Allround
1972 32 Olympyske Spullen 500 m
1972 14 WK Allround
1973 6 EK Allround
1973 1 NK Allround
1973 6 WK Allround
1976 7 NK Allround

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: