Japanske Binnensee

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Japanske Binnenzee
瀬戸内海, Seto Naikai
De Japanske Binnensee mei prefektueren en brêgen.
De Japanske Binnensee mei prefektueren en brêgen.
Geografy
Lokaasje tusken de eilannen Honsjû, Sjikokû en Kjûsjû yn
Koördinaten 34°10′N 133°20′E
Underdiel fan Stille Oseaan
Sifers
Maks. lingte 450 km
Maks. breedte 55 km
Oerflak 23.203 km²
Djiptegemiddelde 37,3 m
Djipste punt 105 m
In satellytfoto fan 'ee Japanske Binnensee mei de wichtichste seestrjitten en de Baai fan Osaka.

De Japanske Binnensee (Japansk: 瀬戸内海, Seto Naikai, 'Seto Binnensee') is de namme fan de ûndjippe binnensee dy't de eilannen Honsjû, Sjikokû en Kjûsjû, de trije haadeilannen fan Japan, fan elkoar skiedet.

Oan de 7000 km lange kust wenje likernôch 35 miljoen minsken, sa'n 27% fan de befolking fan Japan.

Der lizze sa'n 3000, meast net bewenne, eilannen yn de Japanske Binnensee. Yn it noardeasten leit it grutste eilân, Awaji.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

De see wurdt begrinze troch fiif seestrjitten :

De meast wichtige kuststêden binne Kobe, Ube, Okayama, Hiroshima, Iwakuni en Matsuyama.

De meast wichtige eilannen binne :

Brêgen[bewurkje seksje | edit source]

De eilannen Honsjû en Sjikokû binne troch trije brêgesystemen mei elkoar ferbûn. De meast noardlike fan dy brêgen is de Akashi-Kaikyo-brêge - de langste hingbrêge fan de wrâld - oer de Strjitte fan Akashi. Yn it suden lizze de trije Kurushima-Kaikyo-brêgen. De brêgen eksploitearre troch de Honshu-Shikoku Bridge Expressway Company Limited. [1]

De Japanske Binnensee, sjoen fan6of Miyajima.

Toerisme[bewurkje seksje | edit source]

De kusten fan de Japanske Binnensee foarmje in grutte toeristyske trekpleister. Al foardat bûtenlanners Japan yn mochten wie de skientme fan de see ferneamd en waard sy priizge en besongen.

It grutste part fan de see heart no ta it nasjonale park fan Setonakai (瀬戸内海国立公園, Setonaikai Kokuritsu kōen). Dit park wie ien fan de earste nasjonale parken fan Japan, stifte op 16 maart 1934.

It skryn fan Itsukushima op it eilân Itsukushima yn de stêd Hatsukaichi is troch UNESCO erkend as Wrâlderfgoed. Shodoshima, it saneamde "het olive-eilân", en de draaikolk fan Naruto yn de Strjitte fan Naruto binne twa plakken dy't ek in protte toeristen lûke.

Keppelings om[bewurkje seksje | edit source]